Ealwyn fan York: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 10:
 
==Literêr wurk en betsjutting==
Ealwyn wie de meast promininte persoan fan de [[Karolingyske Renêssânse]]. Hy brocht de [[Frankyske Ryk|Franken]] yn kontakt mei de [[Latyn]]ske kultuer dy't yn Ingelân noch bestie. Fan grutte betsjutting hat syn rol west yn it fersprieden fan wat der noch oan literatuer bestie út eardere tiden. Oarspronklik binne syn wurken net, mar se hawwe krekt as doel hân om de fersprieding fan kennis te befoarderjen. As de minister fan ûnderwiis ûnder Karel de Grutte hat Ealwyn soarge foar it behâld fan de [[Epistola_de_Litteris_Colendis|literêre boarnen]], foar de organisaasje fan skoallen, en foar it nei in heger nivo bringen fan it ûnderrjocht. Sadwaande hat hy grif de wichtichste skeakel west tusken de ûntwikkeling fan it ûnderwiis (en dêrtroch fan de wittenskip), fan [[Kassiodorus]] en [[Isidorus fan Sevilla]] oant'en mei de bloeitiid fan de [[skoalestykskolestyk]].
 
Fan Ealwyn binne in oantal bibelkommentaren bewarre bleaun. Syn haadwurk is lykwols ''De Fide Sanctae et Individuae Trinitatis'', in teologysk wurk oer it mystearje fan de [[Trije-ienheid]], dat foaral linet op [[Augustinus|Augustinus fan Hippo]]. Syn ienige wurk op it mêd fan tematyske wiisbegearte is in boek oer de [[siel (geast)|siel]], ''De Animae Ratione'', dat alyksa foar in grut part beynfloede is troch Augustinus. Fierders binne fan him om-ende-by 300 brieven bekend dy't útsein de wittenskiplike ynhâld, ek in wichtige boarne binne foar ús histoaryske kennis fan dat tiidrek. Fan syn hân binne ek noch in oantal gedichten, û.o. ''De Cucullo'', (''Oer de Koekoek''), en ferskate skoallehânboeken, wêrfan û.m. oer stavering, dialectica en retorica bewarre bleaun binne.