Foelke Kampana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Foelkekampana.jpg|thumb|Monumint fan Foelke Kampana yn [[Dornum]]]]
'''Foelke Kampana''' ([[Hinte]], om [[1355]] - [[Auwerk (stêd)|Aurich]], tusken 16 augustus [[1417]] en augustus [[1419]]), ek wol '''Folkeldis Kampana''', mei de bynamme ''Quade Foelke'' ('Kweade Foelke' eastfrysk plat 'Kwóóed Foelk'<ref>https://oostfraeisk.org/Main.aspx?W=Foelke%20Kampana&df=de&fts=J </ref>), wie de frou fan de [[East-Fryslân|East-Fryske]] [[haadling]] [[Ocko I tom Brok]]. Fanwege har wreedheid wit men yn East-Fryslân noch wa't hja wie.
 
Foelke wie in dochter fan [[Kempo fan Hinte]], lieder fan [[Westerboach fan Hinte]]. Sy wie regintesse fan [[Aldenboarch]], [[Brookmerlân]], [[Auricherlân]] en [[Emsigerlân]] yn [[1400]] doe't har soan [[Keno II tom Brok|Keno II]] fuort wie en yn [[1417]] doe't har beppesizzer [[Ocko II]] noch minderjierrich wie. Foelke wie teffens Keno syn polityk adviseur oant syn dea yn [[1417]].