Ontology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
st
 
Rigel 1:
De '''ontology''' (fan it [[Gryksk]] ὀν = ''wêzende'' en λόγος = ''woord'', ''lear'') is de wêzenslear. TradysjoneelTradisjoneel is ontology in tûke fan de [[filosofy]], binnen de [[metafysika]]. It beskriuwt de eigenskippen, of breder: it [[wêze]]n fan it gehiel fan dingen, "[[entiteit]]en" of ek [[wêzende]]n neamd, wêrfan oannomd wurdt dat se bestean of better: ''wêze''. De klassike ontology besiket de fundamintele [[Kategory (filosofy)|kategoryen]] derfan te ûnderskieden. Dêrom wurdt it soms ek wol 'kategoryteory' neamd, hoewol't 'ontology' wenstiger is.
 
Fan de [[klassike âldheid]] oant en mei de [[midsiuwen]] wienen metafysika en ontology folslein synonym oan elkoar. Met [[Christian Wolff (rjochtsgelearde)|Christian von Wolff]] (1679-1754) begûnen yn de moderne tiid meardere ôfsplitsingen fan de algemiene [[metafysika]] te komme, te begjinnen mei (destiids) [[kosmology]], [[psychology]] en ferskate [[apologetyk|apologetyske]] streamingen binnen de [[teology]] (hjirby moat lykwols wol oantekene wurde dat ''kosmology'' doe breder wie as wat der tsjintwurdich ûnder ferstien wurdt: yn it begripenkader fan de 17e en [[18e iuw]] wie it alle kennis oer de wrâld, dus al it wrâldske, yn tsjinstelling fta bygelyks it godlike).