Ferskil tusken ferzjes fan "Necessity"

Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
st
L (fergodliking --> fergoading)
(st)
 
===''Necessity''===
''Necessity'' iepenet fjirtich jier nei wat de 'Relokaasje' kommen is te hjitten fan 'e platoanyske stêden nei de planeet dy't (hoe soe it ek oars) Plato neamd is. Op ien en deselde deis komt de âlde Pytheas, de minsklike ynkarnaasje fan 'e [[god]] [[Apollo (god)|Apollo]], te [[ferstjerren]] (wêrnei't Apollo syn godlike macht wer opnimt), en makket dêrnjonken it earste [[minske|minsklike]] [[romteskip]] kontakt mei de platoanyske beskaving. Tsjin dy tiid binne de bewenners fan Plato djip behelle rekke yn in [[hannel]]srelaasje de [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdske]] Amarathi, wylst se mei de Saeli, in oar [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdsk ras]], in soarte fan [[konfederaasje]] oangien binne. De Saeli steane tige iepen foar de [[Plato|platoanyske]] [[filosofy]], en in protte fan harren hawwe har (yn har [[tradysje|tradysjoneletradisjonele]] [[houlik]]sgroepen fan fiif persoanen) op Plato mank de minsken nei wenjen set.
 
De [[tiidreizgjen]]de goaden, dy't yn en út 'e [[tiid]] en fan en nei spesifike punten yn 'e tiid stappe kinne sa't in gewoane minske troch in [[doar]] stapt, binne inkeld bûn troch it feit dat se net twaris yn deselde tiid libje kinne en troch needsaak: as se de resultaten fan harren eigen aktiviteiten út har persoanlike [[takomst]] gewaarwurde, binne se twongen om 'e aksjes te ûndernimmen dêr't dy resultaten it gefolch fan binne. Nei't er syn godlike macht wer hat, ferbliuwt Apollo earst lang bûten de tiid, oant er beseft dat er Pallas Atene nearne mear fernimme kin. Hy keart dêrop werom nei de Oarspronklike Stêd op Plato, in pear [[oere]]n nei't er dêr as Pytheas stoarn is. Dêr komt er oan 'e weet fan 'e Saeli-godheid Jathery, dy't sawol in [[trickster]] as god fan 'e [[wiisheid]] is, dat Pallas Atene har, op 'e siik nei [[kennis]], yn 'e Oergaos bejûn hat dy't foarôfgeande en nei ôfrin fan 'e tiid bestiet. Dat is in alderferskuorrendst gefaarlik dwaan, sels foar in goadinne, en Apollo is dan ek [[lulkens|poerlulk]] op syn [[suster]].
11.721

bewurkings