Holle Hoarn-Bear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
st
 
Rigel 22:
 
==Libben==
Holle Hoarn-Bear waard omtrint [[1850]] berne yn wat no [[Sheridan County (Nebraska)|Sheridan County]] is, yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Nebraska]]. Hy hearde ta de [[Brulee]]-substamme fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]], en wie de soan fan it [[opperhaad]] Izerne Skaal. Yn syn jonkheid die Holle Hoarn-Bear mei oan oerfallen op 'e [[Pâny (folk)|Pâny]] (''Pawnee''), dat tradysjoneletradisjonele fijannen fan 'e Lakota wiene. Letter wied er behelle yn oanfallen op 'e [[fort]]en dy't it [[Amerikaanske Leger]] op it lân fan 'e Lakota boud hie om 'e [[jeropide ras|blanke]] kolonisten te beskermjen dy't oer it [[Bozeman Trail]] reizgen.
[[File:American_Indian_stamp_14c_1922_issue.jpg|left|thumb|100px|Holle Hoarn-Bear op in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[postsegel]] út [[1922]].]]
Under de [[Oarloch fan Reade Wolk]] ([[1866]]-[[1868]]) ûntjoech Holle Hoarn-Bear him ta ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn harren striid om it gebiet fan 'e [[Powder (rivier yn Montana)|Powderrivier]], dêr't it Bozeman Trail dwers trochhinne rûn. Dêrby naam er û.m. diel oan it saneamde [[Fetterman-bloedbad]], wêrby't in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[kavalery]]-ôfdieling ûnder [[kaptein (rang)|kaptein]] [[William J. Fetterman]] alhiel ferdylge waard. Letter focht Holle Hoarn-Bear ûnder de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] yn 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], wêrby't in koälysje fan Lakota, [[Noardlike Sjajinnen]] en [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]] it [[Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrocht.