Jiskewoansdei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
st
 
Rigel 4:
De namme komt fan de tradysje dat de preester de palmtûken, dy't yn katolike hûshâldings op [[Palmpeaske]] oan it [[krusifiks]] stutsen wurde, op dy woansdei yn in misse ferbaarnd en mei de jiske dêrfan de leauwenden in krús op de foarholle oanbringt. Tagelyk wurde troch de preester dan de wurden "Betink minske, dast stof biste en stoft silst wer wurde" sprutsen.
 
De festeltiid betinkt de fjirtich dagen dat [[Jezus (tradysjoneeltradisjoneel-kristlik)|Jezus]] neffens [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]] 4:2 sûnder iten yn de woastyn trochbrocht en moat de leauwenden troch besinning, boete en ynkear op de [[Peaske|ferrizenis]] fan Kristus tariede.
 
Foar [[Roomsk Katolike Tsjerke|katoliken]] is de jiskewoansdei krekt lykas [[goedfreed]] in ferplichte festeldei. It is dan ferbean om fleis, alkohol of snobberijen yn te nimmen en it hâlden en dragen heart ynbannich te wêzen. Ek yn guon protestantske streamings, lykas de lutherske, presbyteraanske en anglikaanske tsjerken, wurdt jiskewoansdei fierd, wylst yn de kalvinistyske fermiddens der jimmeroan mear omtinken is foar de jiskewoansdei. De Easterske tsjerken kenne gjin jiskewoansdei, om't harren fêsten al op de sneins fan de sânde wike foar Peaske begjint.