Untmanning: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
The_Mutiliation_of_Uranus_by_Saturn.jpg ferfongen troch The_Mutilation_of_Uranus_by_Saturn.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: typo).
Rigel 1:
[[File:The MutiliationMutilation of Uranus by Saturn.jpg|thumb|400px|''De ûntmanning fan [[Uranus]]'': fresko fan [[Vasari]] en [[Cristofano Gherardi]] (sa. [[1560]], Sala di Cosimo I, [[Palazzo Vecchio]], [[Florâns]]).]]
'''Untmanning''' is it ôfsnijen by in [[man (sekse)|man]] fan sawol de [[penis]] as de [[testikels]]. Ofhinklik fan 'e kontekst kin dat in frijwillige [[lichemsferoaring]] wêze of, faker, in ûnfrijwillige [[genitale skeining]]. Untmanning moat net betize wurde mei [[kastraasje]], dat inkeld de ferwidering fan 'e testikels omfiemet. [[Histoarysk]] gie kastraasje fan [[eunugen]] lykwols gauris mank mei it ôfsnijen fan 'e penis. Dat soarge foar in gruttere kâns op [[ferstjerren]], direkt, troch [[deablieden]], of yndirekt, troch [[ûntstekking]]s feroarsake troch [[urine|pisjen]]. Eunugen by wa't ek de penis ôfsnien waard, wiene, as se de proseduere oerlibben, neitiid yn 'e regel foar it libben [[ynkontininsje|ynkontinint]]. Ek stiene se faak oanhâldend bleat oan ynfeksjes oan 'e [[urinewegen]].