Joachim (hillige): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
 
Rigel 1:
[[File:Dominikustsjerke, Ljouwert, Marije-alter fan de Kongregaasje fan de Hillige Famylje (byld Joachim).jpg|thumb|''Byld fan Joachim yn de [[Sint-Dominikustsjerke (Ljouwert)|Dominikustsjerke]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] (Piet Verdonk, 1937)'']]
'''Joachim''' wie, neffens ferskate [[Apokriven fan it Nije Testamint|apokrive]] [[evangeelje]]s út de twadde oant de sechde iuw, de heit fan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en dus de pake fan [[Jezus (tradysjoneeltradisjoneel-kristlik)|Jezus Kristus]].
 
== Oerlevering ==
Yn de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike]] en [[Eastersk-otterdoksy|otterdokske]] tradysje jildt de hillige Joachim ([[Hebriuwsk]]: Jojakim) as de man fan [[Anna (hillige)|Anna]] en as de heit fan Marije, de mem fan Jezus. Dêrom wurdt Joachim ek wol as de foarfaar fan God oantsjut. Yn de [[Koaran]] wurdt er ‘Imrān neamd.
 
Neffens de lear fan de roomske tsjerke waard Marije troch it heilsplan fan God al yn de skurte fan Anne foar de erfsûnde bewarre. De evangeeljes yn it [[Nije Testamint]] neamdeneame de namme fan Marije's heit en mem net. Der wurdt lykwols wolris sein dat de genealogy yn [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] 3:23-37 net dy fan [[Joazef fan Nazaret|Joazef]] mar fan Marije is. Dat soe ynhâlde dat Ely de heit is fan Marije. Guon katolike en otterdokske teologen wolle ha dat Ely in ferkoarte foar fan Eliakim is, wat Jojakim resp. Joachim wêze soe.
[[File:The refusal of Joachim's sacrifice, by Lambert Lombard.jpg|thumb|left|''De wegering fan it offer fan Joachim'', Lambert Lombard (1566)]]
It ferhaal fan Joachim en Anna wurdt yn it apokrive [[Evangeelje fan Jakobus|proto-evangeelje fan Jakobus]] ferteld. Joachim wie in ryk en from man, dy't regelmjittich oan de earmen en de timpel joech. Om't syn frou lykwols ûnfruchtber wie, wiisde de hegepreester Joachim syn offers ôf. It net hawwen fan bern waard troch de preester beskôge as in teken fan godlik fergunnen. Joachim lûkte him dêrom fjirtich dagen yn de wyldernis werom, dêr't er boete die en fêste. Doe ferskynde in ingel oan sawol Anna as Joachim, dy't harren de berte fan in bern oankundige. Joachim gyng nei Jeruzelim werom, omearme dêr by de Goude Poarte, de yngong fan de timpel, syn frou Anna en hja krigen in dochter mei de namme Marije.