Beurskrach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
 
Rigel 1:
In '''beurskrach''' of '''beurscrash''' is in beneaming út de [[ekonomy]] en wurdt brûkt om it hommels sterk skokjend sakjen fan de [[koers (effekten)|koersen]] fan in grut diel fan de [[oandiel|oandielen]] op de [[effektenbeurs]] mei oan te tsjutten.
 
In beurskrach is wat oars as in saneamde [[bearmerk]], wêrby't koersen oer langere tiid stadichwei sakje. In beurskrach is in kwestje fan dagen, wylst in sakjende merk lang oanhâlde kin. In merk dêr't de prizen stadichwei trochsakje sûnder grutte skokken wurdt ek wol in ''slûpcrash'' neamd. Meidat de twa bekendste gefallen fan in beurskrach barden yn de moanne oktober assosiearret men yn beursfermiddens dizze moanne noch altiten mei crashes. Der bestiet gjin dúdlike kwantitative definysje foar it ûnderskied fan in krach en in gewoane beursdelgong. Globaal nommen wurdt útgien fan in sakjen fan 10 persint of mear yn in pear dagen, wylst dan ek sprake is fan panyk. In krach hoecht net te barren yn in bearmerk: de krach fan 1987 barde yn in opgeande merk. De grutte delgong fan de JapanseJapanske merk yn de jierren njoggentich ferrûn dêrtsjin sûnder in ôfsûnderlike krach.
 
== 1874 ==