Huldrych Zwingli: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Frysk
Rigel 67:
=== Twadde Kriich fan Kappel en de dea fan Zwingli ===
[[File:Ermordung Zwingli Jauslin.JPG|thumb|left|250px|''De moard op Zwingli (Karl Jauslin, 1842-1904'')]]
De Earste Frede fan Kappel regele net it rjocht op it preekjen yn de katolike kantons. Zwingli ynterpretearre dat as mocht der ûnbehindere preke wurde, mar de fiif kantons Luzern, Uri, Schwyz, Unterwalden en Zug wegeren eltse foarm fan herfoarming. De protestantske gebieten tochten ferskillend op hokker wize der druk útoefene wurde moast op de katolike kantons. Guon kantons joegen de foarkar oan stille diplomasy, wylst Zürich it mei geweld ôftwinge woe en Bern in middenposysje ynnaam. It wie Zwingli, dy't Zürich oanfjurre om de reformaasje dan mar mei it fjoer en it swurd oan de katolike kantons op te lizzen. Yn 1531 kaam it ta wapene konflikt tusken Zürich en de katolike kantons, de [[Twadde Kriich fan Kappel]]. By ferrassing wiene it de katolike kantons, dy't op 9 oktober 1531 de kriich oan Zürich ferklearren. It slagge Zürich yn de gauwichheid om in leger fan likernôch 3.500 man by inoar te krijgen, dy't by Kappel lykwols in dûbel sa sterk leger fan de katolike kantons trof. Under de soldaten fan it Zürichske leger sieten ek in soad predikanten, wêrûnder Zwingli. De striid duorre net langer danas in oere en it leger fan Zürich waard troch de katoliken ynmakke. Zwingli sels rekke ferwûne en foel yn hannen fan de fijân. Hja dreaune de spot mei Zwingli, fregen oft se him noch ienris de bycht ôfnimme koene en makken him dêrnei dea. Zwingli's lichem waard fjouwerdield, ferbaarnd en de jiske oanslutend yn de wyn ferstruid.
 
Pas yn 1838 waard yn Kappel en yn 1885 yn Zürich foar Zwingli in monumint oprjochte. Opfolger fan Zwingli yn Zürich waard [[Heinrich Bullinger]], dy't de grifformearde lear konsolidearre en eins as de echte stifter fan de Grifformearde Tsjerke wurdt beskôge.