Komelker: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
sjoch ek |
LNo edit summary |
||
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hynder en meanmasine yn de pream 001.jpg|300px|thumb|right|<small>''Hynder en meanmasine yn de pream by Terkaple, letter in [[skou (fartúch)|skou]] mei oanhingmotor der foar.''</small>]]
In '''komelker''' is in boer dy't in pear [[ko|kij]] foar de [[molke]] hâldt. Yn de [[18e iuw]] wurde al komelkers neamd, mar begjin [[20e iuw]] wienen der in soad komelkers. Guon melkten ek wol foar oaren. Bytiden fuorren se it fee op 'e stâl. Meastentiids hienen se gjin eigen lân, mar pachten dat. It fretten moast dan gauris mei in boat nei de
Doe't de [[molkfabryk|molkfabriken]] opkamen, seagen in soad arbeiders in kâns om boer te wurden. Dan hoegde der ommers net sels [[tsjerne]], of [[tsiis]] makke te wurden. In gat foar de stront, in heaberch en in stâl wiene it begjin. Dochs wie it in striid en bealgjen om troch de tiid te kommen. Omdat komelkers gjin eigen lân hienen, moast der lân pachte wurde. Eigeners wienen meast rike lju, dy't it lân faak ferhierden oan de heechste ynskriuwer. Winterdeis, as it lân faak ûnder wetter stie, wienen der net folle ynkomsten. Dochs moast de pacht foar de beteldatum fan [[12 novimber]] betelle wurde. As soks net slagge wie it dien mei de komelkerij en waard de earmoede faak noch folle grutter.
|