Stedsleanetsjerke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
 
Rigel 36:
== Skiednis ==
De earste tsjerke foar de doe noch Nederdútsk-grifformearde gemeente waard yn 1888-1889 oan de Popmawâl boud. Dat gebou waard yn de jierren 1910-1911 ferfongen troch nijbou neffens in ûntwerp fan [[Ane Nauta]]. De op 365 houten peallen fundearre tsjerke waard boud yn de styl fan it [[Rasjonalisme (boustyl)|rasjonalisme]].<ref>Monumenten in Nederland. Fryslân (2000); side 176 – Sabine Broekhoven</ref> en op 1 febrewaris 1911 yn gebrûk nommen.
[[File:Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 737 - IJlst - 20349145 - RCE.jpg|thumb|left|200px|<center>''Oargel en preekstoel''</center>]]
Ut tankberens dat Nederlân foar de [[Earste Wrâldkriich]] sparre bleau, joech Jarich Jans Nooitgedagt yn 1923 in liedklok oan de tsjerke. Dy klok waard yn de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] omraand. Syn omkesizzer Jan A. Nooitgedagt liet yn 1949 de klok ferfange, no út tankberens foar it behâlden thúskommen fan de Dryltster militêren út [[Nederlânsk Ynje|Ynje]]. De klok waard getten troch Van Bergen út [[Heiligerlee]].
 
De tsjerke is yn 1977 útwreide en yn 1992 modernisearre. De namme Stedsleanetsjerke datearret út de tiid dat de grifformearden mei de herfoarmen it Samen-op-Weg-proses oangyngen.
 
Yn it ramt fan de fúzje fan de grifformearde mei de herfoarme gemeente fan Drylts foel yn maaie 2005 it beslút om de grifformearde tsjerke op te jaan en de (eardere herfoarme) [[Mauritiustsjerke (Drylts)|Mauritiustsjerke]] tenei as tsjerke fan de protestanske gemeente oan te hâlden. De grifformearde tsjerke waard yn 2008 foar it lêst troch de grifformearde gemeente brûkt foar de wyklikse tsjinsten en dêrnei oerdroegen oan de yn 2007 oprjochte Stifting Behâld Stedsleanetsjerke. Dy stifting hat as doel it gebou foar Drylts te behâlden. De tsjerke wurdt eksploitearre foar kulturele eveneminten en biedt romte oan ferienings. Ek wurde der út en troch noch wol tsjerke-, rou en troutsjinsten holden.<ref>[https://frieschdagblad.nl/index.asp?artID=37300 Frysk Deiblêd, 22.12.2007]</ref>
 
== Oargel ==