Nikolaastsjerke (Poppenwier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = ''Nikolaastsjerke'' | ôfbylding = Nikolaastsjerke, Poppenwier.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyl..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 sep 2020 om 20.09

De Nikolaastsjerke wie de eardere herfoarme tsjerke fan Poppenwier. De tsjerke is al sûnt de jierren 1980 bûten gebrûk steld.

Nikolaastsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Poppenwier
adres Binnenbuorren 12
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1860
arsjitekt Rommert Bleeksma, Raerd
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32305 [1]
offisjele webside
Mennistegemeente Mid-Fryslân]

Skiednis

De tsjerke waard yn 1860 boud neffens in ûntwerp fan Rommert Bleeksma út Raerd, nei't de midsiuwske tsjerke te brekfallich woarn wie en ôfbrutsen wurde moast. Sûnt 1978 koe de lytsere herfoarme gemeente de kosten fan it ûnderhâld net mear opbringen en dêrom waard it gebou yn 1983 oerdroegen oan de "Stifting ta behâld fan de Tsjerke fan Poppenwier". Nei in restauraasje waard de tsjerke yn 1986 as aula yn gebrûk nommen.

Ynterieur

It ynterieur fan de tsjerke is yn de kleuren roze en griis farve. De seishoekige preekstoel soe ôfkomstich wêze út Jirnsum en hat op de hoeken ferguld houtsnijwurk.

Foar de preekstoel leit in âlde sark út 1558 fan de op 10 desimber 1543 ferstoarne Lieuwe Hettes fan Albada, grytman fan Raerderhim, en syn frou Frouck fan Roorda. De sark krige by de restauraasje fan de tsjerke in oar plak mar hold de âlde orriïntaasje.

It oerwurk yn de toer datearret út 1578 en heart ta de âldste oerwurken fan Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: