Tsjerke fan Goaiïngea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = ''Tsjerke fan Goaiïngea'' | ôfbylding = Tsjerke fan Goaiïngea.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfb..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 15 sep 2020 om 09.26

De Tsjerke fan Goaiïngea is de eardere herfoarme tsjerke fan it doarp. It is tsjintwurdich in sintrum foar kulturele aktiviteiten en sa út en troch wurde der noch tsjerketsjinsten fierd.

Tsjerke fan Goaiïngea
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Goaiïngea
adres Hege Wier 28
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1758 (tsjerke); 1787 (toer)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39768 [1]
offisjele webside
Stichting Kerkgebouw Goenga]

Funksje

De tsjerke fan Goaiïngea waard yn 2014 troch de PKN-gemeente De Lege Geaën oerdroegen oan de "Stichting Kerkgebouw" en wurdt tsjitnwurdich brûkt foar rou- en troutsjinsten, foar eksposysjes, oare kulturele aktiviteiten en út en troch in tsjerketsjinst fan de PKN.

Skiednis

De midsiuwske tsjerke fan Goaiïngea wie grutter as it hjoeddeiske tsjerkegebou en datearre út de 14e iuw. Yn 1758 waard dy midsiuwske tsjerke ferfongen troch de tsjerke fan no. De sealtektoer bleau lykwols noch in lytse tritich jier stean en waard yn 1787 ferfongen troch it setten fan in houten tuorke op de sealtsjerke.

Ynterieur

It autentike tsjerkeynterieur bleau ek nei de feroaring fan de funksje as kultureel sintrum yntakt. De tsjerke hat in preekstoel út 1759, dy't makke is troch Mathijs Gorp. Ut de midsiuwske tsjerke komme de flierstiennen ûnder de toer. De skuorde klok, dy't yn 1342 troch Stephanus getten waard, is nei in restauraasje troch Klokkenjitterij Royal Eijsbouts yn Asten yn maaie 2019 wer ophongen.[2]. It mechanyske oerwurk datearret út de 16e iuw en waard yn 1981 restaurearre.

Oargel

Om 1800 hinne krige de tsjerke foar it earst in piipoargel. It ynstrumint waard yn 1900 ferfongen troch in oargel fan Bakker & Timmenga.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: