Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee Avansearre mobile bewurking
Rigel 70:
 
Goeie Kneppelfreed. Ik kin my wol in bytsje yntinke dat jo juster efkes it mier hiene oan myn aksje. Mar it wie net persoanlik bedoeld, it is net sa dat ik jo op de hûd sitte wol wat stavering oanbelanget. At ik flaters yn in stikje sjoch en der net fuortendaliks nocht oan om dy te ferbetterjen, set ik dêr it berjocht 'stavering' boppe, as in soarte fan ''reminder''. Mear is't net. Groetnis. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 14 sep 2020, 20.11 (CEST)
 
Goeie {{Ping|Drewes}} tige tank foar jo útlis en it is fierders allegear goed. Ja ik hie it mier al even juster en utere myn frustraasje op de oerlisside fan de oanmakke side mar dy hie ik njonkelytsen der al wer ôf helle. Ik begryp fierders jo punt wol want we wolle fansels sa min mooglik flaters yn de wiki hawwe. It falt somtiden net altyd ta om de júste wurden te finen om't de sprektaal ek wol wat ôfwykt fan de skriuwtaal en yn myn deistich wurk brûk in soad Ingelsk fandêr myn Fringelsk der hjir en dêr. Mar de Fryske taal giet my tige oan it hert en troch oan de wikipedy by te dragen, dêr't ik fierders in soad wille oan ha, besykje ik it te stypjen en bliuw ik ek mei it heitelân ferbûn. [[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 15 sep 2020, 19.43 (CEST)