Yndianen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Nordamerikanische_Kulturareale_en.png" is op Commons fuorthelle JuTa om't: Source of derivative work not specified since 3 September 2020.
dan mar sa; fl
Rigel 3:
 
== Noard-Amerikaanske Yndianen ==
[[Ofbyld:North American cultural areas.png|right|thumb|175px|Noard-Amearikaanske Kultuergebieten]]
 
By de komst fan Kolumbus hienen de Yndianen fan Noard-Amerika in stammenstruktuer, wêrby't de ferskate stammen ûngelikense talen sprutsen en kultueren hienen. Wol binne der twa grutte kultuerregio's oan te wizen. De bekendste binne dy fan it uterste noarden (Arktysk gebiet) en dy fan de prairys yn it Midden-Westen, de [[Grutte Flakten]]. De measte minsken wennen hjir lâns de rivieren en wienen boer. Ek yn it easten en súdwesten fan Noard-Amearika wennen boeren. De wichtichste gewaaksen, lykas op de Grutte Flakten, wienen [[stynske weet]], beannen en [[klabatsen]]. Fierders waard yn it súdwesten katoen en yn it easten sinneblommen ferboud. [[Tabak]] waard sawat oeral ferboud.
 
Rigel 11:
Meso-Amearika is it lân fan ferneamde folken lykas de [[Azteken]] en de [[Maya's]]. Teffens is it ien fan de seis gebieten op de wrâld (de oare binne de sintrale Andes, [[Egypte]], [[Mesopotaamje]], de [[Indusdelling]] en [[Sina]]) dêr't tige iere technologysk komplekse kultueren ûntstien binne. De measte minsken wennen hjir yn stêden of wienen boer. Midden-Amearika waard lange tiid sjoen as "oergongsgebiet" tusken de "hege kultueren" fan Meso-Amearika en de [[Andes]]. Dêrom waarden Kolombia en Ekuador der ek gauris by rekkene. Tsjintwurdich stiet Sintraal-Amearika mear op himsels en krijt it in eigen plak yn de ynhiemske skiednis. Ek hjir wennen oarspronklik benammen boeren.
 
== Súd-AmarikaanskeAmerikaanske Yndianen ==
Yn Súd-Amearika binne de wichtichste gebieten, de [[Andes]] en de [[Amazonebekken]], histoarysk sjoen heart ek it [[Karibysk gebiet]] hjirby. De Andes en [[Peru]] binne sawat synonym oan de [[Inka's]].