Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee Avansearre mobile bewurking
Rigel 72:
 
Goeie {{Ping|Drewes}} tige tank foar jo útlis en it is fierders allegear goed. Ja ik hie it mier al even juster en utere myn frustraasje op de oerlisside fan de oanmakke side mar dy hie ik njonkelytsen der al wer ôf helle. Ik begryp fierders jo punt wol want we wolle fansels sa min mooglik flaters yn de wiki hawwe. It falt somtiden net altyd ta om de júste wurden te finen om't de sprektaal ek wol wat ôfwykt fan de skriuwtaal en yn myn deistich wurk brûk in soad Ingelsk fandêr myn Fringelsk der hjir en dêr. Mar de Fryske taal giet my tige oan it hert en troch oan de wikipedy by te dragen, dêr't ik fierders in soad wille oan ha, besykje ik it te stypjen en bliuw ik ek mei it heitelân ferbûn. [[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 15 sep 2020, 19.43 (CEST)
 
:No Kneppelsma, de swierrichheden dy't jo ha mei it skriuwen fan geef Frysk binne mines ek. It sprutsen Frysk is hjir by in soad minsken ferjûn fan it Hollânsk. Ik fernim it oan mysels ek. As ik geef Frysk prate soe (en koe), begripe de minsken it mar heal, hawwe der argewaasje fan en tinke (faak)s: wat is dat foar in healwize fanatike figuer? Goed Frysk ûnderrjocht op de basisskoalle soe moatte, mar dan noch tink ik dat it proses fan taalfersleaukjen net te kearen is yn in maatskippij dy't oerhearske wurdt fan it Ingelsk en Nederlânsk. It kin de measte minsken gewoan gjin sprút skille. Wat jo Fringelsk oanbelanget: net oer yn sitte, wy meitsje de Wikipedy meielkoar. Gr. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 16 sep 2020, 17.52 (CEST)