Abrahamityske religyen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side + oanf
L red
Rigel 1:
De '''abrahamityske religyen''', soms ek wol oantsjut as it '''abrahamisme''', binne de [[godstsjinst]]en dy't ôfstamje fan it [[jahwisme]] fan 'e âlde [[Israeliten]]. Se foarmje in kloft religyen dy't har ûnderskiede troch in strang [[monoteïsme]] en de ferearing fan 'e [[God (monoteïsme)|God]] fan 'e [[aartsfaar]] [[Abraham (aartfaar)|Abraham]], nei wa't se ferneamd binne. Ta de abrahamityske religyen hearre de trije grutte [[Westerske wrâld|Westerske]] monoteïstyske godstsjinsten: it moderne [[joadendom]], it [[kristendom]] en de [[islaam]], en fierders ferskate lytsere religyen, te witten: it [[bahaïsme]], it [[mandeïsme]], it [[babisme]], it [[jazdanismejazdânisme]] (fan û.oynkl. deit [[Jezidysjezidisme]], it [[jarsanisme]] en it [[isjikisme]]), it [[sjabakismemessiasbelidende joadendom]], it [[noächisme]], it [[samaritanisme]], it [[rastafarianisme]], it [[sjabakisme]] en it [[druzyske leauwe]] (ynsafier't dat net ta de islaam rekkene wurdt). It mandeïsme en it jazdânisme wurde ek wol klassifisearre as [[rastafarianismeIraanske religyen]].
 
Trochdat it kristendom yn 'e [[fjirde iuw]] as [[steatsgodstsjinst]] ynfierd waard yn it [[Romeinske Ryk]] en de islaam yn 'e [[sânde iuw]] yn it [[Omajadyske Ryk]], krigen de abrahamityske religyen grutte ynfloed. Sawol kristendom as islaam waarden letter troch [[sinding]] oer oare parten fan 'e wrâld ferspraat, wylst it joadendom troch de grutte [[Joaden|Joaske]] [[diaspora]] ek in beskate wrâlwide ynfloed útoefene hat. De abrahamityske religyen foarmje yn 'e [[teology]] ien fan 'e grutte ûnderferdielings fan 'e wrâldgodstsjinsten, yn 'e mande mei de [[Yndyske religyen]], de [[Iraanske religyen]], de [[Eastaziatyske religyen]] en de [[natoerreligyen]]. Neffens in skatting út [[2005]] hong doe mear as de helte fan 'e wrâldbefolking (54%) ien fan 'e abrahamityske religyen oan, wêrfan it [[kristendom]] 33,1%, de [[islaam]] 20,3%, it [[joadendom]] 0,2%, en it [[bahaïsme]] 0,1%. Fan 'e rest fan 'e wrâldbefolking wie likernôch 32% oanhinger fan in net-abrahamityske godstsjinst, wylst 14% út [[agnost]]en en [[ateïst]]en bestie.