Himelfeart fan Jezus: ferskil tusken ferzjes

L
better
L (better)
De '''himelfeart fan Jezus''' is in foarfal yn it [[Kristendom|kristlike leauwe]] dêr't [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] fysyk fan de [[ierde]] nei de [[himel]] opfear en dêr't alve fan syn [[Apostel|dissipels]] by oanwêzich wiene. Neffens it [[Nije Testamint]] barde de himelfeart fjirtich dagen nei [[Opstanning fan Jezus|Jezus syn opstanning]]. Neffens de kristlike tradysje, dy't ek neamd waarden yn de wichtichste [[kristlike leauwensbelidenissen]], waard Jezus nei syn [[Krusiging fan Jezus|dea oan it krús]] troch [[God (monoteïsme)|God]] ferhearlike, út de dea wei ferriisd en opnaam yn de himel dêr't er oan de rjochter hân fan God sit.
 
Justjes foar syn opfarren segene Jezus syn learlingen en joech harren de opdracht it blide boadskip oer gâns de wrâld te ferkundigjen. Dat late ta it ûntstean fan it [[Kristendom]]. [[Himelfeartsdei]], de [[hjeldei]] dêr't de himelfeart fan Jezus betocht wurdt, wurdt op de fjirtichste dei nei [[Peaske]], dy't op in [[tongersdei]] falt, nei fierd. De [[Eastersk-otterdokse tsjerke|Eastersk-otterdokse]] tradysje brûkt in oareoar [[kalindertsjerklik jier]], dy'tdat wol op ta in moanne letter as de westerske tradysje rint. In soad [[Protestantske]] tsjerken binne ôfstapt fan dy hjeldei, wylst de [[Anglikaanske tsjerke]] it noch hieltyd wol fierd.
 
Neffens de [[Islaam]] waard Jezus nea krusige en ferriisde er dus ek net. Neffens de [[Koraan]] wie er troch God opnaam yn de himel.
De [[hjeldei]] fan de himelfeart, [[Himelfeartsdei]], is ien fan de wichtichste kristlike hjeldagen, njonken de [[Passy fan Jezus|Passy]], [[Peaske]], [[Pinkster]] en [[Kryst]]. Himelfeartsdei wurdt tradisjoneel op de sechde tongersdei nei Peaske, de fjirtichste dei, fierd. Guon [[Roomsk-katolike]] tsjerkeprovinsjes fiere it lykwols by de [[mis]] op de folgjende snein, sa't eltsenien oanwêzich wêze kin. De hillige [[Hieronymus fan Stridon|Hieronymus]] miende dat de Himelfeartsdei fan de [[apostel]]s ôfkomstich wie, mar it wie yn werklikheid ynearsten part fan Pinkster (it kommen fan de [[Hillige Geast]]) en it ûntjoech him stadichoan fan de [[fjirde iuw]] ôf as in aparte hjeldei. Neffens Roomsk-katolike tradysje wurdt yn de trije dagen foar Himelfeartsdei in [[smeekbea]] holden, dêr't God foar ferjouwing frege wurdt. Op de hjeldei sels wurdt der in prosesje mei fakkels holden, dy't ferwiist nei de gong fan Jezus nei de [[Oliveberch]] en syn opname yn de himel, it dôvjen fan de [[Peaskekers]] en in foarjûn, dêr't wyt de liturgyske kleur is.
 
Yn de [[Eastersk-otterdokse tsjerke]] wurdt it in moanne letter fierd, om't dêr in oareoar [[kalindertsjerklik jier]] as yn de Westerske tradysje brûkt wurdt. De hjeldei waard nei de [[Reformaasje]] troch in soad [[protestantske]] tsjerken, sa as yn de [[Anglikaanske Tsjerke|Anglikaanske]], [[Lutherske]] en measte [[Herfoarme]] tsjerken, trochsetten. In soad oare protestantske tsjerken fiere it lykwols net, om't dy harren net oan de tradisjonele kristlike kalinder fan hjeldagen hâlde.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
7.294

bewurkings