Himelfeart fan Jezus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Eftergrûn: noch wat
L →‎Hjeldei: bettere omskriuwing
Rigel 29:
[[Ofbyld:The Ascension of Jesus - Orthodox.ogv|thumb|Eastersk-otterdokse Himelfeartsdei]]
{{Apart|Himelfeartsdei}}
De [[hjeldei]] fan de himelfeart, [[Himelfeartsdei]], is ien fan de wichtichste kristlike hjeldagen, njonken de [[Passy fan Jezus|Passy]], [[Peaske]], [[Pinkster]] en [[Kryst]]. Himelfeartsdei wurdt tradisjoneel op de sechde tongersdei nei Peaske, de fjirtichste dei, fierd. Guon [[Roomsk-katolike]] tsjerkeprovinsjes fiere it lykwols by de [[mis]] op de folgjende snein, sa't eltsenien oanwêzich wêze kin. De hillige [[Hieronymus fan Stridon|Hieronymus]] miende dat de Himelfeartsdei fan de [[apostel]]s ôfkomstich wie, mar it wie yn werklikheid ynearsten part fan Pinkster (it kommen fan de [[Hillige Geast]]) en it ûntjoech him stadichoan fan de [[fjirde iuw]] ôf as in aparte hjeldei. Neffens Roomsk-katolike tradysje wurdt yn de trije dagen foar Himelfeartsdei inde [[smeekbeakrúsdagen]] holden, dêr't God foar ferjouwing frege wurdt. Op de hjeldei sels wurdt der in prosesje mei fakkels holden, dy't ferwiist nei de gong fan Jezus nei de [[Oliveberch]] en syn opname yn de himel, it dôvjen fan de [[Peaskekers]] en in foarjûn, dêr't wyt de liturgyske kleur is.
 
Yn de [[Eastersk-otterdokse tsjerke]] wurdt it in moanne letter fierd, om't dêr in oar [[tsjerklik jier]] as yn de Westerske tradysje brûkt wurdt. De hjeldei waard nei de [[Reformaasje]] troch in soad [[protestantske]] tsjerken, sa as yn de [[Anglikaanske Tsjerke|Anglikaanske]], [[Lutherske]] en measte [[Herfoarme]] tsjerken, trochsetten. In soad oare protestantske tsjerken fiere it lykwols net, om't dy harren net oan de tradisjonele kristlike kalinder fan hjeldagen hâlde.