Natoerbrân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Waldbrand.jpg|right|thumb|250px|In [[boskbrân]].]]
In '''natoerbrân''' of '''natuerbrân''' is in [[natoerramp]] yn 'e foarm fan in ûnwinske en ûnbehearske [[brân]] yn in gebiet mei [[brânberens|brânbere]] [[fegetaasje]] bûten de [[beboude kom]]. Ofhinklik fan 'e [[plant]]egroei dy't yn sa'n gebiet oanwêzich is, kin sprutsen wurde fan in '''boskbrân''' ([[bosk]]), '''feanbrân''' ([[fean]]), '''heidebrân''' ([[heide]]), '''dúnbrân''' ([[dunen]]), '''prêrjebrân''' ([[prêrje]]), '''steppebrân''' ([[steppe]]), '''heuvelbrân''' ([[heuvel]]s) of '''woastynbrân''' ([[woastyn]]). Boskbrân is de bekendste foarm fan natoerbrân, om't natoerbrannen yn boskgebieten it fûleindichst en meast sichtber binne. Yn [[Noard-Amearika]] sprekt men fan in ''wildfire'' ("wyldbrân") en yn [[Austraalje (lân)|Austraalje]] fan in ''bushfire'' ("plattelânsbrân"). Natoerbrannen ûntsteane troch natuerlike oarsaken lykas [[wjerljocht]]ynslaggen, mar teminsten likefaak troch [[minsklik]] yngripen. Yn it lêste gefal kin it gean om in fersin troch ûnachtsumens, mar ek om [[pyromany]], it moedwillich oanstekken fan brân. [[Kontrôlebrân|Kontrôlebrannen]], dy't oanstutsen wurde troch de [[brânwacht]] of in oare foechhawwende ynstânsje en bedoeld binne om brângefaar wei te nimmen troch it ûnder behearskbere omstannichheden ferbaarnen fan potinsjele [[brânstof]] foar natoerbrannen, wurde net ta natoerbrannen rekkene.