Cascades: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Cascaderangemap.jpg|thumbnail|Cascadesberchtme]]
[[Ofbyld:Mount Rainier 7437.JPG|250px|thumbnail|left|Mount Rainier, it heechste punt fan de Cascades]]
De '''Cascades''' of it '''Cascadesberchtme''' (yn de [[Feriene Steaten]] ''Cascade Range'' en yn [[Kanada]] ''Cascade Mountains'' neamd) foarmje in [[berchtme]] lânsby de westkust fan de [[Feriene Steaten]] del. It berchtme rint fan noard nei súd, fanôffan it suden fan [[Britsk-Kolumbia]], [[Kanada]] ôf, troch de [[Amerikaanske steaten]] [[Washington (steat)|Washington]] en [[Oregon]] oant yn it noarden fan [[Kalifornje]]. It gebiet is sa'n 1100 km lang en hat in trochsneed breedte fan 130 km. It heechste punt is [[Mount Rainier]] mei in hichte fan 4392 m. It berchtme bestiet út brede, besnijde toppen meidêr't in stikmannich dy'tfan [[Fulkaan|fulkanysk]] binne. In soad fan dy [[Fulkaan|fulkanen]] binne tsjintwurdich noch hieltyd warber. It part benoarden Mount Rainier wurdt wol de ''North Cascades'' neamd, en it gea dêrdêre is yn trochsneed rûger en de bergen binne steiler.
 
It berchtme is part fan de [[Noard-Amerikaanske Gurdle]] (''North American Cordillera''), de gurdle fan berchtmesberchtmen dy't de westlike râne fan Noard-Amearika beslacht en dêr't ek bygelyks de [[Rocky Mountains]] en de Pasifyske KustberchtmesKustberchtmen ta hearre. De fulkanen fan de Cascades binne ek ûnderdiel fan de [[Ring fan Fjoer]], it ringfoarmige gebiet rûnom de [[Grutte Oseaan]] dat ferneamd is om de ferskate [[Ierdskodding|ierdskoddings]] en fulkaanútbarstings dy't der foarkomme. Utbarstings, dy't foarkomme yn it hiele gebiet fan de Feriene Steaten, útsein [[Hawaiï]] en [[Alaska]], wiene allegear fan fulkanen yn it Cascadesberchtme. De twa meast resinte grutte útbarstings wiene dy fan [[Lassen Peak]] yn [[1914]] en [[Mount Saint Helens]] yn [[1980]]. Yn [[2005]] wie der in lytse útbarsting fan Mount St. Helens.
 
== Geology ==
[[Ofbyld:Cascade Range plate tectonics-en.svg|thumbnail|Platentektonyk ûnder de Cascades]]
De Cascades binne lykas de [[Sierra Nevada]] en de Pasifyske KustberchtmesKustberchtmen ûntstean sûnt it [[Oligoseen]] (likernôch 30 miljoen jier ferlyn), as gefolch fan de pleatslike [[platetektonyk]]. It efterlizzende proses is dat de (oseanyske) Farallonplaat ûnder de westlike râne fan Noard-Amearika skoot, wêrbydêr't it troch opwaarme wurdt, wêrtrochen dêr't [[Magma (stiente)|magma]] foarme wurdt. DitDat magma stiget op en dat feroarsaket op syn bart oanoer it ierdoerflak fulkanisme.
 
Oer de rin fan miljoenen jierren hawwe der ôfwikseljend perioadesperioaden west dêr't it rêstich wie mei út en troch perioadesperioaden fan fulkanyske aktiviteiten. Mei útsûndering fan de útbarsting fan Lassen Peak yn it ''Lassen Volcanic National Park'' yn it noarden fan Kalifornje wiene de fulkanen mear as in iuw rêstich, oant 18 maaie 1980. Op dy dei soarge in grutte útbarsting fan Mount Saint Helens foar nijs wrâldwiid. Geologen hiene noed dat it in begjin wie fan fernijde fulkanyske aktiviteit yn it gebiet, lykas yn de perioade fan 1800 oant 1857 doe't der yn totaal 8 útbarstings wiene. Der hawwe sûnt doe lykwols gjin útbarstings mear west.
 
== Skiednis ==
Rigel 15:
=== Namme en bewenning ===
[[Yndianen|Yndianestammen]] wiene de earste bewenners fan it gebiet.
Yn de maitiid fan [[1792]] kaam de [[Britske Ryk|Britske]] seefarder [[George Vancouver]] yn it gebiet troch de baai[[fjord]] [[Puget Sound]] en hy begûn de bergen Ingelske nammen te jaan. Hy joech lykwols it gea sels gjin namme.
 
Yn [[1805]] fear de [[Ekspedysje fan Lewis en Clark]] troch it Cascadesberchtme oer de rivier de [[Kolumbia (rivier)|Kolumbia]], dy't foar jierren lang de iennige praktyske manier wie om troch ditit gea te reizgjen. De lêste hobbels op harren reis wiene hurdere streamen en wetterfallen yn de kleau fan de rivier de Kolumbia, de saneamde '''Cascades Rapids'''. Dy lizze no yn de Bonneville Daam-wetteropslachmar. It duorre net lang foardat kolonisten en hannelers op de rivier de bergen nei dizzedy Rapids neamden, en de namme "mountains by the cascades", ofwol "bergen by de wetterfallen" brûken giene. Dat waard letter ynkoarte ta "Cascades", sa kaam it gebiet oan har namme.
 
Untdekking en bewenning fan it gebiet troch Jeropeanen en Amerikanen gie hurder doe't de [[Hudsonbaai Kompanjy]] in wichtige hannelspost iepene yn Fort Vancouver, by it hjoeddeiske [[Portland (Oregon)|Portland]] yn Oregon. De pelsjagers fan de Hudsonsbaai Kompanjy brûkten it fort as in thúspunt foar de strooptocht, en hja wiene de earste net-yndianen dy it súdlike kustberchtme yngieneynlutsen fiaoer wat letter de [[Siskiyou Trail]] neamd waard. Hja wreiden yn de jierren tusken 1820 en 1830 ditdat paad út mei diken dy't lânsby [[Crater Lake]], [[Mount McLoughlin]], [[Medicine Lake Fulkaan]], [[Mount Shasta]] en [[Lassen Peak]] del rinne.
 
It hat dêrnei noch jierren duorre foardatfoar't der wiere ymmigraasje nei it gebiet wie, en alhoewol't der tsjintwurdich ferskate grutte wegen en spoarwegen troch it gea rinne, binne grutte parten fan de Cascades noch hieltyd in wyldernis dy't slim te berikken wyldernisis. In grut part fan de noardlike helte fan de High Cascades, ta noarden fanbenoarden Mount Rainier, is tsjintwurdich beskerme gebiet.
 
=== Wegebou ===
Om [[1845]] hinne lutsen foar de earste kear op gruttere skaal kolonisten troch de Cascades hinne oer de [[Barlow Road]]. Dy wei foarme it lêste stik fan de [[Oregon Trail]]. Earder moasten de kolonisten oer de rivier (mei de gefaarlike wetterfallen) reizgje. De wei rûn fan de rivier de Kolumbia by [[Hood River (Oregon)|Hood River]] oer de pas by [[Government Camp (Oregon)|Government Camp]] nei [[Oregon City (Oregon)|Oregon City]], en wiewaard oanlein as in toldyk - $5 de wein - mar wie nettsjinsteande datde tol dochs tige populêr.
 
Dêrnjonken waard de [[Applegate Trail]] oanlein sa't kolonisten net mear oer de rivier hoegenhoechden. DitDat paad wie in al brûkt diel fan de [[California Trail]] nei it midden fan [[Nevada]] ta. Fan dêr ôf late it paad noardwestlik nei it noarden fan Kalifornje en ta einbeslút nei wat tsjintwurdich [[Ashland (Oregon)|Ashland]] is, yn Oregon. Kolonisten koene dan fan dêrweidêr ôf de Siskiyou Trail folgje nei de [[Willamette Delling]].
 
Doe't it [[Washington Territorium]] himsels ôfskiede fan it [[Oregon Territorium]] yn [[1853]] woe men in east-west ferbining troch de Cascades oanlizze, wêrbydêr't ta einbeslút it paad oer de [[Snoqualmie Pass]] ta einbeslút keazen waard.
 
=== Spoar ===
De [[Great Northern Railroad]] lei in Transkontinintale spoarwei oan fan [[Saint Paul (Minnesota)|Saint Paul]] ([[Minnesota]]) nei [[Seattle]] en moastdy dêrbymoast troch it Cascadesberchtme gean. De rûte troch it berchtme hat sûnt deit oanlizzen yn [[1893]] in tal farianten kend. Yn earste ynstânsjeYnearsten lei der in saneamde hinne-en-wer-paad de berch op en ôf. DitDat betsjutte in grutte lingte en in slimmedrege oergong oertroch it berchtme. De spoarwei lei in grut part fan it jier ûnder in tsjokke laach snie en dat makke de finansiering fan it spoar dreech makke. Om ditdat better te meitsjen waarden in tal tunnels oanlein, lykas de [[Cascade Tunnel]], dy't iepene waard mei in lingte fan 4.200 meter, en de tunnel fan [[Stampede Pass]] tunnel. De snie bleau in probleem en op 1 maart 1910 kamen 96 minsken om it libben doe't in lawine in trein rekke. Dêrnjonken blieken de útlastgassenútlaatgassen fan steamlokomotiven in probleem. Om de problemen op te lossen waard de hjoeddeiske Cascade Tunnel mei in lingte fan 12,5 kilometer boud tusken [[1925]] en [[1929]]. De tunnel leit 153 meter leger ferlike mei de foarige tunnel en betsjutdat betsjutte dus dat de treinen minder klimme te hoegenhoechden.
 
== Wichtige bergen ==