Nancy Reagan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Nancy Davis Reagan to Nancy Reagan over redirect: famkesnamme mar út 'e titel
NRJUSTSAYNO.jpg ferfongen troch Nancy_Reagan_Speaking_at_a_"Just_Say_No"_Rally_in_Los_Angeles_California.jpg (troch [[commons:User:CommonsDelinker|CommonsDelinke
Rigel 50:
=== ''First lady'' fan 'e Feriene Steaten ===
Davis wie folop belutsen by de presidintskampanjes fan [[1976]], doe't Reagan it by de Republikeinske foarferkiezings ôflizze moast tsjin 'e sittende presidint [[Gerald Ford]] (dy't dêrnei de ferkiezings ferlear fan 'e Demokraat [[Jimmy Carter]]), en dy fan [[1980]], doe't Reagan de Republikeinske nominaasje yn 'e wacht sleepte en koarte metten makke mei Carter. Yn jannewaris [[1981]] waard Davis sadwaande ''[[first lady]]'' fan 'e Feriene Steaten, wat se acht jier, oant [[1989]], bliuwe soe.
[[Ofbyld:NRJUSTSAYNONancy Reagan Speaking at a "Just Say No" Rally in Los Angeles California.jpg|right|thumb|150px|Nancy Davis Reagan op kampanje tsjin [[drugs]]gebrûk ([[1987]]).]]
 
As presidintsfrou kaam Davis op 'e nij yn opspraak doe't se besleat om al it porslein fan it [[Wite Hûs]] te ferfangen, nettsjinsteande it feit dat dat betelle wie mei privee-donaasjes. Se brocht yn 'e presidintsresidinsje in [[John F. Kennedy|kennedy]]-eske ''glamour'' werom dy't der fral ûnder it regear fan Carter, doe't ynformaliteit foar master opsloech, ûntbrutsen hie. Fierders loek ek har belangstelling foar ''[[haute couture]]'' (djoere eksklusive moade) in protte oandacht en krityk.