Natoerbrân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L kin ek, fansels
Rigel 1:
[[File:Waldbrand.jpg|right|thumb|250px|In boskbrân.]]
In '''natoerbrân''' of '''natuerbrân''' is in [[natoerramp]] yn 'e foarm fan in ûnwinske en ûnbehearske [[brân]] yn in gebiet mei [[brânberens|brânbere]] [[fegetaasje]] bûten de [[beboude kom]]. Ofhinklik fan 'e [[plant]]egroei dy't yn sa'n gebiet oanwêzich is, kin sprutsen wurde fan in '''boskbrân''' ([[bosk]]), '''feanbrân''' ([[fean]]), '''heidebrân''' ([[heide]]), '''dúnbrân''' ([[dunen]]), '''prêrjebrân''' ([[prêrje]]), '''steppebrân''' ([[steppe]]), '''heuvelbrân''' ([[heuvel]]s) of '''woastynbrân''' ([[woastyn]]). Boskbrân is de bekendste foarm fan natoerbrân, om't natoerbrannen yn boskgebieten it fûleindichst en meast sichtber binne. Yn [[Noard-Amearika]] sprekt men fan in ''wildfire'' ("wyldbrân") en yn [[Austraalje (lân)|Austraalje]] fan in ''bushfire'' ("plattelânsbrân" of "strûkbrân"). Natoerbrannen ûntsteane troch natuerlike oarsaken lykas [[wjerljocht]]ynslaggen, mar teminsten likefaak troch [[minsklik]] yngripen. Yn it lêste gefal kin it gean om in fersin troch ûnachtsumens, mar ek om [[pyromany]], it moedwillich oanstekken fan brân. [[Kontrôlebrân|Kontrôlebrannen]], dy't oanstutsen wurde troch de [[brânwacht]] of in oare foechhawwende ynstânsje en bedoeld binne om brângefaar wei te nimmen troch it ûnder behearskbere omstannichheden ferbaarnen fan potinsjele [[brânstof]] foar natoerbrannen, wurde net ta natoerbrannen rekkene.
 
De oanwêzigens fan [[fossyl|fossile]] [[houtskoal]] yn beskate [[grûn]]lagen jout oan dat natoerbrannen begûnen koart nei de ferskining fan [[lânplanten]], sa'n 420 miljoen jier lyn. De [[Ierde (planeet)|Ierde]] is in ynherint brânbere [[planeet]], sjoen syn begroeiïng mei [[koalstof]]rike planten, syn [[klimaten]] mei [[jiertiid|seizoensbûne]] [[drûchte]]n, de [[soerstof]]rike [[atmosfear]] en de rûnom foarkommende [[wjerljocht]]ynslaggen en [[fulkaanútbarsting]]s. It foarkommen fan natoerbrannen troch de hiele [[skiednis]] fan it [[libben]] op [[lân]] nûget út ta spekulaasje oer de ynfloed dy't dit natoerferskynsel hân hawwe moat op 'e [[evolúsjeteory|evolúsje]] fan 'e [[floara]] en [[fauna]] yn 'e measte [[ekosysteem|ekosystemen]].