Natoerbrân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kin ek, fansels
L red
 
Rigel 12:
Sûnt it begjin fan 'e [[ienentweintichste iuw]] is it foarkommen fan natoerbrannen yn guon dielen fan wrâld sterk tanommen. Men kin dan tinke oan it westen fan 'e [[Feriene Steaten]] (fral [[Kalifornje]]), súdeastlik [[Austraalje (lân)|Austraalje]], it [[Amazônegebiet]] fan [[Brazylje]], it westen fan [[Kanada]], de [[Sibearje|Sibearyske]] [[taiga]] en dielen fan [[Portegal]], [[Spanje]] en [[Grikelân]]. Anno [[2020]] is net mear te ûntstriden dat [[klimaatferoaring]] in wichtige rol spilet by de jier nei jier almar oanboazjende natoerbrannen. Guon fan 'e slimste natoerbrannen dy't sûnt [[2010]] foarkamen, wiene:
*de [[boskbrân fan Fort McMurray (2016)]], dy't late ta de gruste [[evakuaasje]] yn 'e [[skiednis fan Kanada]];
*de [[boskbrannen yn Grikelân (2018)]], dêr't teminsten 88 minsken by omkamen;
*de [[boskbrân fan Camp]], yn [[2018]] yn [[Kalifornje]], dy't it hiele [[stedsje]] [[Paradise (Kalifornje)|Paradise]] ferwoastge en ta de dea fan teminsten 88 minsken late;
*de opsetlik oanstutsen [[boskbrannen yn it Amazônegebiet (2019)]], yn Brazylje, dy't in rekôrgrutte berikten;
*de [[natoerbrannen yn Austraalje (2019-2020)]], de saneamde Swarte Simmer, dy't oan 33 minsken en mear as 3 miljard bisten it libben kostenkoste;
*en de [[natoerbrannen yn de westlike Feriene Steaten (2020)]], wêrby't ferskate [[doarp]]en folslein ferlern giene.