Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 1: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wike 1
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 23 sep 2020 om 23.32

De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, soms ek wol de Teksaanske Revolúsje neamd, wie in oarloch yn 1835 en 1836, wêrby't de provinsje Teksas himsels losskuorde fan it gruttere steatsferbân fan Meksiko. Dit konflikt waard foarôfgien troch in almar fierder tanimmende ymmigraasje fan Ingelsktalige kolonisten nei Teksas, dy't ôfkomstich wiene út 'e oanbuorjende Feriene Steaten. De nijynkommelingen hiene frijwol neat gemien mei de Meksikanen, en nei in perioade fan oprinnende spannings briek yn oktober 1835 in opstân út. De Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna joech sels lieding oan in militêre fjildtocht om 'e rebûlje del te slaan, en brocht de Teksanen dêrby yn 'e neite fan San Antonio in gefoelige nederlaach ta yn 'e Slach om 'e Alamo. Underwilens fersloech generaal José de Urrea de Teksanen oan 'e Golfkust yn 'e Goliad-kampanje. Nei in weromtocht dy't bekend kaam te stean as de Runaway Scrape, wist Sam Houston de Teksanen te wergroepearjen, wêrnei't se it Meksikaanske leger yn 'e Slach oan de San Jacinto oer it mad kamen en fersloegen. Dêrby waard Santa Anna kriichsfinzen nommen, wat neitiid late ta de Ferdraggen fan Velasco, dy't de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas mooglik makken.

Lês fierder