Arabysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 14:
| ISO 639-3 = ara
}}
It '''Arabysk''' (Arabysk: اَلْعَرَبِيَّةُ, sekuere [[transliteraasje]]: ''al-‘Arabīyyaẗ'', [[útspr.]]: [al ʕara'bi:ja], likernôch: "al-ha-ra-<u>bii</u>-ja", {{Audio|Al arabic.ogg|beharkje}}; of koartwei: عَرَبِيّ‎, sekure transliteraasje: ''‘Arabīj'', útspr.: ['ʕarabi:], likernôch: "<u>ha</u>-ra-bii", {{Audio|Arabi.ogg|beharkje}}) is in [[Semityske taal]] dy't koart nei it begjin fan 'e [[Westerske jiertelling]] foar it earst ta ûntwikkeling kaam op it [[Arabysk Skiereilân]], yn 'e foarm fan it [[Aldarabysk]]. Dêrút ûntjoech him meitiid it [[Klassyk Arabysk]], de [[taal]] fan 'e [[Koraan]], dy't him fan 'e [[sânde iuw]] ôf mei de [[islaam]] fersprate oer it [[Midden-Easten]] en [[Noard-Afrika]]. Datselde barde mei it [[Arabysk-Perzysk skrift]], dêr't it Arabysk mei [[skriuwen|skreaun]] wurdt. Tsjintwurdich is it Arabysk de of in [[offisjele taal]] fan 25&nbsp;[[lannen en territoaria|lannen]] en 1&nbsp;[[autonome regio]], ien fan 'e seis offisjele talen fan 'e [[Feriene Naasjes]], en genietet it erkenning as [[streektaal|regionale taal]] of as [[minderheidstaal]] yn nochris 10&nbsp;lannen en 1&nbsp;autonome regio.
 
De hjoeddeistige Arabyske [[standerttaal]], it [[Modern Standertarabysk]], dat yn hege mjitte op it Klassyk Arabysk basearre is, hat eins gjin [[memmetaal]]sprekkers, mar fungearret ynstee as in oanlearde [[twadde taal]] en ''[[lingua franca]]'' foar de hiele [[Arabyske wrâld]]. De [[sprektalen]] of [[dialekt]]en dy't mei-inoar it Arabyske [[dialektkontinuum]] foarmje, dat alhiel fan 'e [[Atlantyske Oseaan]] yn [[Marokko]] oant de [[Arabyske See]] yn [[Omaan]] rint, binne foar in grut part net ûnderling fersteanber, en wurde troch [[taalkundige]]n dêrom klassifisearre as de [[Arabyske talen]]. Dy hawwe mei-inoar 310&nbsp;miljoen memmetaalsprekkers en nochris 110&nbsp;miljoen [[twadde-taalsprekker]]s. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld. As de [[liturgyske taal]] fan 1,8&nbsp;miljard [[moslim]]s hat it Arabysk ek grutte ynfloed (hân) yn 'e dielen fan 'e [[islamityske wrâld]] dy't net troch [[etnysk]]e [[Arabieren]] bewenne wurde. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprekke, kinne de Koraan faak wol yn it Arabysk lêze of út 'e holle opsizze.