Mustang (hynder): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: [[]] oars
L red
Rigel 1:
[[File:Mustangs.jpg|right|300px|thumb|Mustangs op 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]].]]
De '''mustang''' is it yn it wyld libjende [[hynder]] fan it [[Wylde Westen|westen]] fan [[Noard-Amearika]], dat dêr [[eksoat|net lânseigen]] is, mar ôfstammet fan losbrutsen hynders fan iere [[Spanje|Spaanske]] kolonisators[[kolonist]]en. Se wurde gauris [[wyld hynder|wylde hynder]]s neamd, mar it iennichste wiere wylde hynder is hjoed oan 'e dei it [[przewalskyhynder]] fan [[Mongoalje]]. Mustangs (en de [[brumby|brumby's]]s fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en de [[Namybwoastynhynder]]s fan [[Namybje]], ensfh.) binne eins net wylde, mar [[ferwyldere hynder]]s. Lange tiid waard de mustang yn 'e [[Feriene Steaten]] beskôge as in skealike [[eksoat]], dy't konkurrearre mei it [[fee]] fan 'e boeren[[boer]]en en sa ek noch yn [[jild|finansjeel]] opsjoch in lêstpost wie. Mar yn [[1971]] waard er troch it [[Amerikaanske Kongres]] erkend as in "libben [[symboal]] fan 'e histoaryske en pionierjende geast fan [[Wylde Westen|it Westen]], dy't noch altiten bydraacht oan it ferskaat fan libbensfoarmen yn ús lân en dêrmei it libben fan it Amerikaanske folk ferriket."
 
==Etymology==