Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 1: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wike 1
 
L red
 
Rigel 1:
[[File:Campaigns of the Texas Revolution.jpg|right|180px]]
De '''Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch''', soms ek wol de '''Teksaanske Revolúsje''' neamd, wie in [[oarloch]] yn [[1835]] en [[1836]], wêrby't de [[provinsje]] [[Teksas]] himsels losskuorde fan it gruttere steatsferbân fan [[Meksiko]]. Dit konflikt waard foarôfgien troch in almar fierder tanimmende [[ymmigraasje]] fan [[Ingelsk]]talige [[kolonist]]en nei Teksas, dy't ôfkomstich wiene út 'e oanbuorjende [[Feriene Steaten]]. De nijynkommelingen hiene frijwol neat gemien mei de Meksikanen, en nei in perioade fan oprinnende spannings briek yn [[oktober]] [[1835]] in [[opstân]] út.

De Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna joech sels lieding oan in [[militêr]]e [[fjildtocht]] om 'e rebûlje del te slaan, en brocht de Teksanen dêrby yn 'e neite fan [[San Antonio (Teksas)|San Antonio]] in gefoelige nederlaach ta yn 'e [[Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch#It Belis fan de Alamo|Slach om 'e Alamo]]. Underwilens fersloech generaal José de Urrea de Teksanen oan 'e [[Golf fan Meksiko|Golfkust]] yn 'e [[Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch#De Goliad-kampanje|Goliad-kampanje]]. Nei in weromtocht dy't bekend kaam te stean as de [[Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch#Runaway Scrape|Runaway Scrape]], wist Sam Houston de Teksanen te wergroepearjen, wêrnei't se it Meksikaanske [[leger (lânmacht)|leger]] yn 'e [[Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch#De Slach oan de San Jacinto|Slach oan de San Jacinto]] oer it mad kamen en fersloegen. Dêrby waard Santa Anna [[kriichsfinzen]] nommen, wat neitiid late ta de [[Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch#De Ferdraggen fan Velasco|Ferdraggen fan Velasco]], dy't de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas mooglik makken.
 
:''[[Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch|Lês fierder]]''