Monoteïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 29:
 
===It feroarjende godsbyld===
Men moat jin reälisearje, dat ek by monoteïsme net altyd persiis deselde god fereare wurdt; de minsklike godsfoarstelling is krekt as alle oare minklike tinkbylden bleatsteld oan 'e feroarings fan 'e tiid. De iere kristenen, bygelyks, sille in hiel oare godsfoarstelling hân hawwe as de kristenen fan hjoed de dei, allinnich al om't it foar minsken fan hast twatûzen jier lyn folslein ûnfoarstelber wie dat der ea [[astronaut]]en op 'e [[moanneMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)|Moanne]] omkuierje soene.
 
Boppedat binne troch de hiele skiednis hinne ferâldere godsfoarstellings of guon dy't om oare redens net mear foldiene, op in soms tige rigoereuze wize ôftanke om ferfongen te wurden troch in modernere [[teology]]. It gefolch dêrfan is fansels dat it godsbegryp ek by monoteïstyske religyen in grut ferskaat oan betsjuttings omfettet, wêrfan't gauris ferskillende yn deselde tiid njonken inoar foarkomme en wêrfan't sommigen inoar tsjinsprekke of sels útslute. Fûnemintalisten soene dat fansels ûntstride, om't fûnemintalisme fan natuere in [[Histoarysk refyzjonisme|histoarysk refyzjonistysk]] is. Hjoeddeiske kristlike fûnemintalisten leauwe dêrom bygelyks yn 'e ûnlogyske en bewiisber ûnwiere noasje dat de [[aartsfaar]] [[Abraham]], de [[Israeliten|Israelityske]] foaroanman [[Mozes]], de profeet [[Jesaja (profeet)|Jesaja]], [[Jehannes de Doper]], de [[apostel]] [[Paulus]] en alle oare [[bibel]]ske figueren allegearre op persiis deselde manear yn God leauden as sy dat sels dogge; mei oare wurden, dat der in objektive en ûnferoarlike godsfoarstelling bestiet. Yn it echt is eltse foarstelling fan God subjektyf en dêrom allinne al tige by tige feroarlik.