Ferskil tusken ferzjes fan "Relativiteitsteory"

L (fl)
Dizze [[teory]] giet út fan it postulaat, dat waarnimmers dy't yn rêst yn in lykmjittich swiertekrêftfjild binne lykweardich binne mei oare waarnimmers dy't in konstante (unifoarme) [[fersnelling (natuerkunde)|fersnelling]] ûnderfine.
 
Dizze feralgemiening fan it relativiteitsprinsipe giet yn de mande mei in nije teory fan de [[swiertekrêft]]. Yn dizze teory wurdt swiertekrêft net langer as in [[krêft]] sjoen lykas dat by de [[Wetten fan Newton]] it gefal wie, mar as in mjitkundige eigenskip fan de romte sels. In [[massa (natuerkunde)|massa]] lûkt de [[Romte (natuerkunde)|romte]] om him hinne [[Krommingstensor fan Riemann|krom]], wêrtroch't it liket oft de massa oare massa's oanlûkt. Neffens Newton is de swiertekrêft sneller as it ljocht. As bygelyks de [[Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)|moanne]] samar ferdwine soe, soe te sjen wêze dat earst de tijen har weromlutsen en dan pas dat de moanneskiif fan de himel ferdwûn.
 
Einstein foarsei sa de ôfbûging fan ljocht fan in stjer troch de sinne. [[Arthur Eddington]] seach dit by de [[sinnefertsjustering]] op it eilân [[Prinsipe (eilân)|Prinsipe]] op [[29 maaie]] [[1919]]. Hoewol't [[foton|fotoanen]] gjin [[rêstmassa]] besitte, binne se neffens de relaasje E = hν fan [[Max Planck]] in foarm fan enerzjy. Omreden [[E=mc²|E = mc²]] binne enerzjy en massa ekwifalint en lûkt it swiertekrêftfjild fan de sinne ljoccht oan. Hy freklearre sa ek de baan fan de planeet [[Merkurius (planeet)|Merkurius]], dy't gjin [[Ellips (wiskunde)|ellips]] beskriuwt lykas de [[Wetten fan Kepler]] oanjouwe, mar in [[roazet]]. Hy foarsei ek dat heger steande klokken hurder rinne, wat mei [[atoomklok]]ken yndie oantoand is.
14.390

bewurkings