In dweilorkest hat, oars as bygelyks in [[Fanfare (orkest)|fanfare]], [[brassband]] of [[harmony-orkest]]orkest, gjin foarskreaune (ideale) besetting. Guon ynstruminten, lykas [[trompet]]ten, slachreau en [[tromboane]]s wurde yn hast alle orkesten brûkt, wylst [[dwersfluit]]en en [[hoarn (muzykynstrumint)|hoarns]], op in inkel orkest nei, net of komselden foarkomme. Dizze lêsten wurde trouwens oer it generaal net as echte dweilynstruminten sjoen. Oare faak sjoene ynstruminten binne de [[bariton]], [[soesafoan]], [[saksofoan]] ( alt of tenor) en [[klarinet]].