Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
 
== Famylje en Libbensrin ==
Fokko Ukena kaam út in earm mar âld haadlingelaach út Neermoer of Edermoer yn Eastfryslân. De namme fan syn heit wie Uko en dêrom waard er Ukena neamd. Syn mem wie Amke fan Lengen fan it laach [[Ripperda]]. Troch syn houlik mei Theda fan Reide koe er syn besit útwreidzje. Ut dat houlik waarden twa jonges berne, Uko Fokkena en Udo Fokkena, en twa dochters, Amke en Bawe. Syn twadde houlik wie mei Hidde fan Dykhuzen, dy't him de stins [[Dykhuzen (state)|Dykhuzen]] by Appingadam, Weiwerd, Wirdum en Oterdum oanbrocht. Ut dat twadde houlik krige hy ien bern, in famke Ulske.
 
Fjirtich jier hat Fokko Ukena foaroanman west fan de Fryske frijheidstriders tusken Fly en Weser. Sa no en dan hie er de seerôvers fan de Fryske kusten, de saneamde ‘[[likedielers]]’ (de eardere [[Fiktaaljebruorren]]), as bûnsmaten en focht er foar de Fryske ienheid, soms mei de tom Broke en de Fetkeapers, en dan wer mei de Skieringers, meastentiids tsjin Hamburch, Aldenboarch, Bremen, en sa no en dan tsjin de stêd [[Grins]].