Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 18:
Ukena wie yn 't foarste plak legeroanfierder fan [[Keno tom Broke]]. Yn dy rol oermastere hy yn 1415 de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] op de Skieringers en werstelde de macht fan de Fetkeapers. By [[Slach by Okswertersyl|Noardhorn]] fersloech hy yn [[1417]] [[Sicka Sjaerda]] en besette yn [[1418]] [[Dokkum]]. Nei it werom feroverjen fan Dokkum troch de [[Skieringers]] sette hy by [[Hylpen]] oan lân en wûn de [[Slach oan de Palesleat]] tsjin de Skieringers. Hy naam [[Starum]] yn en belegere [[Sleat (stêd)|Sleat]], mar waard troch de troepen fan [[Jan fan Beieren]], de greve fan Hollân, ta wiken twongen yn 1420.<ref>[http://www.bertsgeschiedenissite.nl/middeleeuwen/eeuw15/schieringers_vertkopers.htm bertsgeschiedenissite.nl] oer de Skieringers en Fetkeapers</ref> Ukena ûndertekene op [[1 febrewaris]] [[1422]] as earste de [[Frede fan Grins]] tsjin alle frjemde lânhearen. Hy striid dêrnei mei de [[Hânze|Hanzeaten]] tsjin de [[Likedelers]] en ferdriuwt dy út [[Iezumasyl]] en Dokkum. Letter kearde hy him tsjin tom Broke en is benammen aktyf yn it hjoeddeiske East-Fryslân. Dêr hat er yn [[1427]] te krijen mei in oantal machtige tsjinstanners lykas de biskop fan Munster, de greve fan Aldenboarch, de stêd Grins en in grut tal eallju. Lykwols hellet hy in stikmannich oerwinnings efter elkoar mei as grutste wapenfeit de oerwinning yn de [[slach op de Wylde Ikers]] by Feanhuzen. Hy komt ta oerienstimming mei de biskop fan Munster en lûkt triomfearjend de stêd Grins binnen. Datselde jier makket Fokko Ukena in ferbûn fan tweintich jier mei de Friezen fan de [[Ommelannen]] en noch oare Friezen. Hy stelde wetten op dêr't ek de stêd Grins by ynbegrepen waard.
 
De rol fan [[Ocko II tom Brok|Okko tom Broke]], de soan en opfolger fan Keno as Fryske hearsker, is dan útspile mar al gau komt der in nij ferbûn fan 'e grûn mei ferskillende haadlingen ûnder lieding fan it hûs [[Sirksena]] fan Greetsyl. Yn de striid mei it [[Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen]] moat Ukena yn de [[Slach by Bargebur|Slach by Bargeboer]] belies jaan en lûkt him dêrnei werom nei de boarch [[Dykhuzen (state)|Dykhuzen]] by [[Appingedam]]. Dêr stjert hy yn [[1435]].
 
== De willekeuren fan Ukena ==