Martin Mans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
oanfolling fan nl:
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Martin-mans.jpg|thumb]]
'''Martin Mans''' ([[Melissant]], [[28 jannewaris]] [[1965]]) is in [[Nederlân|Nederlânsk]] organist, [[komponist]] en [[dirigint]].
 
== Biografy ==
Martin Mans krige syn earste oargellessen doe't er sân jier âld wie. Mei alve jier begong hy al mei it beglieden fan koaren en in jier letter waard er tsjerke-organist yn syn berteplak. Yn dizze perioade skreaubrocht hyer boppedat ferskate oargelkonkoersen op syn namme. Op syn fjirtjinde bespile hy foarearstfoar it earst it oargel foar de NCRV-radio. Sûnt 1995 is Mans organist yn 'e [[Breepleintsjerke]] yn Rotterdam.
 
Yn de rin fan de jierren die Mans mei oan mear as 400 cd-opnames. Ek makke er ferskate dvd's. Hy jout sa'n 200 konserten it jier en makket bûtenlânske konsertreizen troch Europa, Kanada, Amearika, Australië en Súd-Afrika. Hy treedt geregeldwei op foar radio en TF yn it programma '[[Nederland Zingt]]'.
 
Fierder is er begelieder fan it Urker Mannen Ensemble en it [[Holland Boys Choir]] út Elburch, beide laat fan Pieter-Jan Leusink. Ek oan klassike projekten as it ''Requiem'' fan [[Gabriel Fauré]] en de [[Johann Sebastian Bach|Bach]]kantates joech er syn meiwurking. Mei [[panfluit]]iste [[Noortje van Middelkoop]] foarmet er it ‘Duo Gavotte' en teffens fersoarget er alle jierren in rige konserten mei pianist [[Jan Vayne]].
 
Mans is dirigint fan twa grutte manljuskoaren yn Nederlân, ‘De Gouwestem' út [[Waddinxveen]] en CSMK ‘Noord-West Veluwe' út [[Nijkerk]]. Dêrnjonken is er dirigint fan it manljusensemble 'The Martin Mans Formation' en it 'One Day Male Choir', wilens it grutste manljuskoar fan [[Kanada]]. Fierder is er dirigint fan in tal projektmanljuskoaren, ûnder oare it Groot Mannenkoor Noord Nederland. Mei sjongster [[Petra Berger]], Jan Vayne en syn koaren besiket Mans alle jierren ferskate katedralen yn it ramt fan de 'Kathedraalconcert met Allure'-toer. As komponist skriuwt er muzyk foar oargel, koar en orkest yn ferskate besettingen.
 
== Keppeling om utens ==