Rutger Kopland: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 32:
Yn syn frije tiid hie Kopland him ûnderwilens ûntjûn ta ien fan 'e ynfloedrykste en populêrste [[dichter]]s fan 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]]. Hy debutearre yn [[1966]] mei de bondel ''Onder het Vee''. Mear as tsien oare samlings [[gedicht]]en folgen, en teffens in pear boekjes dêr't syn [[essay|essay's]] yn gearbrocht wiene. Yn Kopland syn [[poëzij]] wurde yn in ienfâldige, observearjende styl mei in soad oandacht foar gewoan wurdgebrûk algemien minsklike tema's beljochte. In protte fan syn gedichten beskriuwe in (bgl. troch in lânskip oproppen) momintopname, in koart duorjende ympresje, dy't by him oanlieding jout ta neiprakkesearjen oer fergonklikheid, it foarbygean fan sa'n momint (wat eins itselde is), of it skeppingsproses fan 'e dichter sels. Foar in soad lêzers en kritisy wurde yn syn wurk tagonklikheid, relativearring en djipgong kombinearre. Kopland syn gedichten waarden oerset yn it [[Ingelsk]], [[Frânsk]] en [[Dútsk]]. Yn [[2000]] waard er ek útkard ta ''Dichter des Vaderlands'', mar dy eare liet er oan him foarbygean, sadat de kar ynstee op [[Gerrit Komrij]] foel.
 
Kopland wie troud, hie trije bern en wenne sûnt de iere jierren sechstich yn it doarp [[Glimmen (doarp)|Glimmen]], yn 'e provinsje [[Grinslân]]. Nei in slim auto-ûngemak yn desimber [[2005]], dat feroarsake waard trochdat er efter it stjoer in [[hertstilstân]] krige, loek er him fierhinne út 'e publisiteit werom. Fraachpetearen joech er frijwol net mear, en optredens yn it iepenbier died er likemin noch. Wol ferskynde yn [[2008]] noch syn lêste dichtbondel ''Toen Ik Dit Zag''. De letter noch publisearre lêzing ''Inleiding in de 'Patafysica'', oer ûnsinbewearings yn 'e wittenskip, hied er yn [[2000]] al holden oan 'e [[Katolike Universiteit Brabân]], te [[Tilburch]]. Rutger Kopland stoar yn 'e âlderdom fan 77 jier, op [[11 july]] [[2012]]. Hy waard yn besletten kring begroeven, al wied er neitiid noch wol betinking yn 'e [[Grins (stêd)|Grinzer]] [[Martinytsjerke (Grins)|Martinytsjerke]].
 
==Wurk==