Ferdrach fan St. Peters (1837): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
 
Rigel 8:
It '''Ferdrach fan St. Peters''' fan [[1837]], ek wol bekend as it '''Ferdrach fan 1837''', it '''Ferdrach mei de Tsjippewa''' (''Chippewa'') of it '''Ferdrach fan White Pine''', wie in [[ferdrach]] tusken de [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]] (''Ojibwe'', ek wol Tsjippewa, ''Chippewa'', neamd) en de [[oerheid]] fan 'e [[Feriene Steaten]]. It waard op [[29 july]] [[1837]] sletten yn it [[suden]] fan wat letter de [[Amerikaanske steat]] [[Minnesota]] wurde soe, op it plak dêr't no de [[stêd]] [[Mendota (Minnesota)|Mendota]] leit, oan 'e mûning fan 'e [[rivier]] de [[Minnesota (rivier)|Minnesota]] (dy't doe de ''St. Peters River'' hiet) yn 'e [[Mississippy (rivier)|Mississippy]]. Dizze oerienkomst waard op [[15 juny]] [[1838]] [[proklamaasje|proklamearre]] troch [[presidint]] [[Martin Van Buren]].
 
By it Ferdrach fan St. Peters stiene de [[Boppemarder Tsjippewa]], de [[Mississippy-Tsjippewa]], de [[Plonderder-Tsjippewa]] en de [[Mille Lacs-Yndianen]], dy't allegear ta it gruttere [[folk]]sferbân fan 'e [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]] hearden, in grut gebiet ôf oan 'e Feriene Steaten. De [[Yndianen]] waarden by it [[ferdrach]] fertsjintwurdige troch 47 [[opperhaad (stamhaad)|opperhaden]] en foaroansteande [[kriger]]s, wêrûnder [[Platte Mûle]], [[Bizon (opperhaad)|Bizon]] en [[Twa-Tipys-Moetsje]], wylst de Amerikaanske oerheid fertsjintwurdige waard troch kommissaris [[Henry Dodge]], [[siktaris]] [[Verplanck Van Antwerp]], [[Yndiaansk agint]] [[Lawrence Taliaferro]], [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Martin Scott (ofsier)|Martin Scott]] en ferskate oaren.
 
It gebiet dat de Odjibwe by it Ferdrach fan St. Peters oan 'e Feriene Steaten ôfstiene, omfieme in grut part fan wat neitiid [[noardwest]]lik [[Wiskonsin]] wurde soe, mei dêropta in oansjenlik diel fan wat letter eastlik sintraal [[Minnesota]] wurde soe. Yn [[1837]] hearde it hiele gebiet noch ta it [[Territoarium Wiskonsin]], dat beide lettere steaten besloech. As súdgrins fan it ôfstiene gebiet waard de 'line fan Prairie du Chien' oanholden, dy't yn [[1825]] by it earste [[Ferdrach fan Prairie du Chien (1825)|Ferdrach fan Prairie du Chien]] fêststeld wie as [[grins (line)|grins]] fan 'e territoaria fan 'e Odjibwe en de [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]]. De noardgrins fan it ôfstiene gebiet wie de [[wetterskieding]] tusken rivieren dy't útmûnen yn 'e [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] en rivieren dy't útmûnen yn 'e [[Michiganmar]]. It ferrin fan 'e súdgrins waard letter noch justjes oanpast, sadat dy natuerlike [[lânskip]]seleminten folge, lykas [[rivier]]en en [[beek|beken]], en dêrtroch better oanwiisd wurde koe.
 
De oankeap fan it boppeneamde gebiet wie foar de Feriene Steaten nedich om tagong te krijen ta de útstrutsen [[bosk]]en dêre. Der wie nammentlik in grutte fraach nei [[hout]] foar de [[boufak|bou]] fan nije [[hûs|huzen]] foar de úttynjende [[befolking]]s fan [[stêd]]en as [[St. Louis]], yn [[Missoery (steat)|Missoery]], en [[Cleveland (Ohio)|Cleveland]], yn [[Ohio]]. Yn ruil foar it ôfstean fan it gebiet troch de Yndianen ferplichte it regear fan 'e Feriene Steaten him ta de betelling fan [[jierjild]]en oan 'e leden fan 'e dielnimmende Odjibwe-troepen foar de doer fan tweintich jier, wylst de Yndianen it [[rjocht]] beholden om yn it ôfstiene gebiet te [[jeien]], te [[fiskjen]] en yn it wyld groeiende [[planten]] te [[rispinge|rispjen]]. Dêropta waarden der noch bykommende bepalings yn 'e ferdrachstekst opnommen yn it foardiel fan 'e heal-[[jeropide ras|blanke]], heal-Yndiaanske [[Mety (folk)|Mety]].