Gauke Bootsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
''by de tiid brocht''
L Dêre
 
Rigel 1:
'''Gauke Bootsma''' ([[Hylpen]], [[16 maart]] [[1942]]) is konservator fan it [[Earste Fryske Reedridersmuseum]] yn [[Hylpen]].
Nei de [[ambachtsskoalle]], rjochting skilderjen, waard er [[ferver]] dy't yn [[1971]] foar himsels begûn. Bootsma sammele altyd al fan alles, mar doe't er yn [[Otterlo]] by it tegeltsjesmuseum wie ûntstie it plan om sels letter ek in museum te hawwen. Gauke hie sels altyd knap ride kind. Hy wie bestjoerslid fan de iisklup fan Hylpen, siet yn it Fryske Iisbûn, en wie assistint rayonhaad fan de Fryske [[Alvestêdeferiening]]. Sa begûn er mei it sammeljen fan houtsjes en oare reedrydkurioaza. Hy lei him mear en mear ta op it garjen fan spullen fan it koartebaanriden en de [[Alvestêdetocht]]en. Fan de dielnimmers krige er fan alles.