L
red
(→Keppelings om utens: kt) |
L (red) |
||
| ôfbyldingsbreedte =
| namme = <font color=white> Colt .45 </font color=white>
| offisjele namme =
| oare namme(n) = M1873;
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| type wapen = [[revolver]]
| berik =
}}
De '''Colt .45''' (de punt stiet foar "kaliber"), offisjeel de '''Colt Single Action Army''' (SAA) of de '''M1873''', en byneamd de ''Peacemaker'' ("Fredesstifter"), is in [[revolver|ienskots-revolver]] fan [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] makkelei, mei in draaiende sylinder dy't seis metalene [[patroan (kûgel)|patroanen]] tagelyk befetsje kin. Dit wapen waard ûntwurpen troch [[William Mason]] en [[Charles Brinckerhoff Richards]] foar de
[[File:"Lt. Gen. George S. Patton, U.S. Third Army commander, pins the Silver Star on Private Ernest A. Jenkins of New York Cit - NARA - 535724.tif|left|thumb|200px|De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] generaal [[George S. Patton]] (út 'e [[Twadde Wrâldoarloch]]) stie derom bekend dat er altyd twa Colts .45 mei ivoarene kolven by him droech.]]
==Skiednis==
De Colt .45 waard op 'e merk brocht ta ferfanging fan 'e âlde [[Colt .44]] (offisjeel
Hoewol't de Colt .45 spesifyk ûntwurpen wie foar gebrûk troch it [[Amerikaanske Leger]] (en fan [[1872]] oant [[1892]] ek it standerttsjinstwapen wie), krige it grutte populariteit ûnder de Amerikaanske boargerbefolking, en wie it it meast ferneamde en meast brûkte hânfjoerwapen út 'e heechtijdagen fan it [[Wylde Westen]] ([[1870]]-[[1900]]). [[Cowboy|Cowboy's]], [[rancher]]s, [[sheriff]]s en banditen, allegear mochten se graach oer de sekuere en gebrûksfreonlike Colt .45. Sadwaande kaam dit wapen bekend te stean as ''The Gun That Won The West'' ("it wapen dat it Westen wûn hat"), en wurdt it noch altyd beskôge as in wichtich stikje
De Colt .45 waard produsearre fan [[1873]] oant [[1941]], dêrnei nochris fan [[1956]] oant [[1974]] (de saneamde "Twadde Generaasje Colt .45"), en doe wer fan [[1976]] oant hjoed (de saneamde "Trêde Generaasje Colt .45"). It alderearste eksimplaar, mei searjenûmer 1, waard nei de ferkeap lange tiid ferlern waand, oant it koart nei [[1900]] weromfûn waard yn in skuorre yn [[Nashua (Nij-Hampshire)|Nashua]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|Amerikaanske steat]] [[Nij-Hampshire]]. Troch de jierren hinne is de Colt .45 yn mear as 30 ferskillende modellen makke, mei in ferskaat oan looplingten. Lykwols is it totaalbyld fan dit wapen sûnt 1873 itselde bleaun. De measte tsjintwurdich produsearre eksimplaren wurde ferkocht oan wapensamlers en lju dy't histoaryske foarfallen neispylje. It ûntwerp fan 'e Colt .45 hat in grutte ynfloed hân op lettere hânfjoerwapens.
|