Southampton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 30:
 
== Skiednis ==
Hoewol't it plak al sûnt de [[stientid]] bewenne is en der ea de Romeinske delsetting ''Clausentum'' fêstige wie, begjint de grutte bloei fan Southampton pas mei de komst fan de [[Normandje]]rs yn [[1066]], as de stêd brûkt wurdt as haven fan it tichtbylizzende [[Winchester (Ingelân)|Winchester]] (destiids de haadstêd fan Ingelân). Southampton foarmet fan dat stuit ôf de wichtichste skeakel tusken it Ingelske en it kontinintale diel fan it Normandyske keninkryk.
 
Op [[10 april]] [[1912]] ferliet it bekende skip de [[RMS Titanic]] de haven en sette ôf nei [[Cherbourg]] yn [[Frankryk]] om dêrnei fierder te farren nei [[New York City|New York]], dêr't it skip lykwols nea oankomd is.