Napoleon Bonaparte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebel: Al weromset
Savh (oerlis | bydragen)
L Undid edits by 217.100.45.194 (talk) to last version by Drewes
Lebels: Weromsetting SWViewer [1.4]
Rigel 1:
{{stobbe-skiednis}}
[[Ofbyld:David napoleon.jpg|right|250px|''Napoleon Bonaparte'']]
'''Napoleon Bonaparte''' ([[15 augustus]] [[1769]] – [[5 maaie]] [[1821]]) wie in generaal fan de [[Frânske Revolúsje]] en wie de liedsman fan [[Frankryk]] as Earste Konsul fan de Frânske Republyk fan [[11 novimber]] [[1799]] oant en mei [[18 maaie]] [[1804]] en dêrnei as [[Keizer]] fan de Frânsen en [[Kening (titel)|Kening]] fan [[Itaalje]] ûnder de namme Napoleon I fan [[18 maaie]] [[1804]] oant [[6 april]] [[1814]], en noch in kear fan [[20 maart]] oant [[22 juny]] yn [[1815]]. Napoleon wurdt beskôge haalo ik ben iemand en ben coolasas in militêr sjeny, en is ferneamd fan it lieden fan in hgrut tal súksesfolle kampanjes, hoewol't der ek in pear spektakulêre mislearrings tusken sieten.
 
Napoleon Bonaparte waard berne yn [[Ajaccio]] op it eilân [[Korsika]] en stamme út in laach fan patrisjers. Hy gong yn it leger en waard op [[1785]] artilleryluitnant. By it belis fan [[Toulon]] ûnderskiede hy him en waard brigadegeneraal (1794). Yn oktober 1795 krige hy opdracht fan de [[Konvinsje]] om in royalistyske opstân del te slaan by [[Parys]]. Dat die er mei súkses en yn maart 1796 waard er befoardere ta de rang fan oerbefelhawwer fan it leger dat tsjin [[Itaalje]] fjochtsje moast. Yn Itaalje helle hy grutte súksessen; yn 1797 waard de foar Frankryk geunstige [[Frede fan Campoformio]] sletten. In dêrop folgjende ekspedysje fan him tsjin [[Egypte]] mislearre lykwols; op [[1 augustus]] [[1798]] waard de Frânske float by Aboekir troch [[Horatio Nelson|Nelson]] ferneatige. By it útbrekken fan de ''[[Twadde Koalisjekriich]]'' kearde Napoleon werom nei Frankryk. Troch de steatsgreep fan [[9 novimber]] [[1799]] brocht hy it Directoire-regear ten fal. Yn de nije regearing waard Napoleon earste konsul foar 10 jier en wie doe feitlik autokraat.