Dútsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Rigel 21:
taalkoade ISO 639-3/DIS = deu |
}}
It '''Dútsk''' (Heechdútsk) heart ta de [[Westgermaanske talen|West-Germaanske]] tûke fan de [[Germaanske talen]]. Dútsk wurdt praat yn [[Dútslân]], [[Eastenryk]], [[Lychtenstein]], [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]], [[Switserlân]], [[Belgje|East-Belgje]] en [[Súd-Tirol]]. Dêrneist is it in minderheidstaal yn dielen fan ûnder oaren East-Europa en Súd-Amearika.
 
== Skiednis ==
Rigel 44:
[[Ofbyld:Legal statuses of German in Europe.svg|thumb|{{legend|#ffcc00|Dútsk is de iennichste amtstaal of ien fan de offisjele amtstalen (''de jure'' of ''de facto'') en boppedat de memmetaal fan in mearderheid fan de befolking.}}{{legend|#d98575|Dútsk is ien fan de offisjele amtstalen, mar wurdt net as memmetaal troch fan in mearderheid fan de befolking sprutsen.}}{{legend|#7373d9|Dútsk (of in fariant fan it Dútsk) is in erkende minderheidstaal (lytse taalgebieten binne mei fjouwerkanten markearre).}}{{legend|#30efe3|Dútsk (of in fariant fan it Dútsk) wurdt troch in relatyf grutte minderheid sprutsen (>50.000), mar hat gjin inkele erkeninng.}}]]
 
Dútsk wurdt praat yn [[Dútslân]], [[Eastenryk]], [[Lychtenstein]], [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]], de ''[[Deutschschweiz]]'', de [[Dútsktalige Mienskip|Dútsktalige mienskip yn Belje]] en yn [[Súd-Tirol]]. Yn dy lannen en regio's is it Dútsk 'de facto' of 'de jure' de earste taal en wurdt dêr troch sa'n 95 miljoen memmetaalsprekkers brûkt.
 
Neffens in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de [[Europeeske Kommisje]], wurdt it Dútsk troch 16% fan de ynwenners fan de [[Europeeske Uny]] as memmetaal praat (2012). It Dútsk is dêrmei grutste Europeeske taal.<ref>[[Europeeske Kommisje]] (Special Eurobarometer 386): [http://ec.europa.eu/public_opinion/archives/ebs/ebs_386_en.pdf Europeans and their Languages] (sjoen op 29 augustus 2016)</ref>
Rigel 57:
Yn ûnder mear [[Namybje]] (in eardere Dútske [[koloanje]]) prate sa'n 30.000 minsken Dútsk as memmetaal. Yn it Aziatyske diel fan de eartiidske [[Sowjetuny]] is it Dútsk de memmetaal fan sawat 2 miljoen minsken. Dat binne de saneamde [[Wolgadútsers]] (''Wolgadeutschen''). Hja waarden yn de tiid fan Stalin út harren berteplak ferdreaun en waarden nei [[Aazje]] deportearre. Yn 2006 libben se yn it Aziatyske diel fan [[Ruslân]] (sa'n 800.000 ynw.), yn [[Kazachstan]] (900.000 ynw.), [[Kirgyzje]] (100.000) en [[Oezbekistan]].
 
Ek yn [[Noard-Amearika]] ([[Kanada]] en de [[Feriene Steaten]]) wenje sa'n 2 miljoen minsken dy't as memmetaal it Dútsk hawwe. Yn [[Austraalje (lân)|Austraalje]] wenje sa'n 70.000 minsken mei it Dútsk as memmetaal.
 
Yn [[Súd-Amearika]] wenje de Dútsktalige minderheden benammen yn [[Brazylje]], [[Argentynje]] en [[Paraguay]]. It grutste diel fan de Dútsktalige Súd-Amerikanen wennet yn it súdeasten fan Brazylje, dêr't mear as in heal miljoen minsken it Dútsk as memmetaal hat.