Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 11:
Op 1 jannewaris [[1942]] kamen de Nederlânske troepen by de [[American-British-Dutch-Australian Command]], mar by it begjin fan de Japanske oanfal wie de ML-KNYL net op oarlochssterkte. Fan de bestelde tastellen wiene noch mar in lyts tal ôflevere en in protte wiene wilens ferâldere modellen. Der wiene fiif groepen, trije mei bommesmiters en twa mei jachtfleanmasines, elts mei trije as fjouwer squadrons.<ref>Broshot, James A. [http://www.dutcheastindies.webs.com/Dutch_OOB.html ''Dutch Air Force Order of Battle in the Dutch East Indies'', 30 novimber 1941. ''Forgotten Campaign: The Dutch East Indies Campaign 1941-1942'']</ref> In sechde groep wie foar stipe, transport en trening ornearre. De ferkenningsfleantugen foelen streekrjocht ûnder it befel fan it leger meidat sy tsjinnen ta it ûnderstypjen fan de grûntroepen.
 
Nei de oermastering fan Ynje troch de Japanners koene in protte tastellen nei it noarden fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]] ûntkomme en dêrwei fierder fjochtsje.
 
Der waarden fjouwer Nederlânske squadrons yn Austraalje foarme. De earste, [[No. 18 (Nederlânsk-Ynje) Squadron RAAF|No. 18 (NY) Squadron RAAF]], waard foarme yn april 1942 en útrist mei de middelswiere bommesmiter [[B-25 Mitchell]]. It twadde Australysk-NY squadron, [[No. 119 (Nederlânsk-Ynje) Squadron RAAF|No. 119 (NY) Squadron RAAF]], krige ek middelswiere bommesiters ta foldwaan. No. 119 NY Squadron wie allinne aktyf tusken septimber en desimber 1943; dêrnei waard it ûntbûn en waard it [[No. 120 (Nederlânsk-Ynje) Squadron RAAF|No. 120 (NEY) Squadron RAAF]], in jachtsquadron. Yn 1944 foarme it KNYL it No. 1 Nederlânsk East-Ynjesk Transport Squadron, dat letter opgean soe yn de RAAF as [[No. 19 (NY) Squadron RAAF]]. Beide squadrons, No. 18 en No. 120, wiene aktyf yn de striid tsjin de Japanners yn de Twadde Wrâldoarloch.