Flechtleaze fûgel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Rigel 4:
Flechtleaze fûgels wurde faak lykslein mei [[rinfûgels]], mar dat doocht net, want rinfûgels binne in beskate groep flechtleaze fûgels, dy't har adaptearre hawwe ta it draven fan lange ôfstannen op lân. Foarbylden binne de [[strúsfûgel]]s út [[Afrika]], de [[emoe]]s út [[Austraalje (lân)|Austraalje]], de [[kasuarissen]] út [[Nij-Guineä]] en de [[nandoes]] út [[Súd-Amearika]]. Oare foarbylden fan flechtleaze fûgels binne de [[pinguins]] fan it [[súdlik healrûn]], dy't har net oan in libben op it lân, mar krekt oan in bestean yn it wetter oanpast hawwe. Itselde gou foar de no útstoarne [[grutte alk]] fan 'e noardlike [[Atlantyske Oseaan]].
 
Flechtleaze fûgels binne gauris evoluëarre op in [[eilân]] of in [[eilannegroep]], dêr't fan oarsprong gjin [[rôfdier]]en libben dy't fan har ûnfermogen om fuort te fleanen profitearje koene. Sadree't de [[minske]] sokke eilannen lykwols berikte, kamen sokke spesjalisearre fûgelsoarten yn 'e swierrichheden, itsij troch opsetlike of ûnopsetlike útrûging troch de minske sels, itsij trochdat de minske opsetlik of by fersin [[eksoat]]yske [[bist]]en op sokke eilannen yntrodusearre dy't dan de flechtleaze fûgels sels opfrieten (lykas [[kat]]ten) of harren [[aai (bist)|aai]]en lytsman makken (lykas [[rôt|rotten]]). It skoallefoarbyld fan sa'n soarte flechtleaze fûgel is de útstoarne [[dodo]] fan [[Mauritsius]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=