Prêrjewolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L koyote ->> coyote
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 64:
Prêrjewolven wurde gauris omskreaun as [[karnivoar]]en, mar eins binne it opportunistyske [[omnivoar]]en. Se [[jacht (aktiviteit)|jeie]] benammen op lytse [[sûchdieren]], lykas [[fjildmûzen]], [[prêrjehûnen]], [[kninen]], [[grûniikhoarntsjes]] en [[mûzen]], mar ek wol op [[fûgels]], [[slangen]], [[hagedissen]], lytse [[hart]]en, [[ynsekten]] en oare wringeleazen en, net te ferjitten, [[fee|lytsfee]], lykas [[skiep]], [[geit]]en en [[ko|keallen]] (wêrmei't se har tige hate makke hawwe by [[feehâlder]]s). Troepen prêrjewolven binne by steat om in grut hart, lykas in [[wapity]], te bejeien.
 
Prêrjewolven frette ek [[aai (bist)|aai]]en fan lykfol hokker fûgel dy't op 'e grûn nêstelet, en se binne ek net fiis fan [[ies (kadaver)|ies]], hoewol't se de foarkar jouwe oan farsk fleis. [[Simmer]]deis en [[hjerst]]mis foarmje [[frucht (plant)|fruchten]] en oar [[plant]]aardich materiaal in oansjenlik diel fan it menu. Yn 'e [[stêd]]en en op [[jiskebult]]en kinne se fierders maklik har kostje gearsykje út ôffal dat troch minsken efterlitten wurdt. Stedske populaasjes prêrjewolven frette [[brune rôt|brune]] en [[swarte rôt|swarte rotten]], [[kninen]] en soms ek lytsere [[húsdier]]en, lykas [[kat]]ten en lytse [[hûn]]en.
[[File:Coyote with typical hold on lamb.jpg|left|thumb|250px|In prêrjewolf besiket in [[skiep]] te smoaren.]]