Berte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
 
==Aailizzende dieren==
By [[lizzen fan aaien|aailizzende dieren]] sprekt men yn 'e regel net fan 'berne wurden', mar fan 'út it aai kommen', om't it âlderbist [[aai (bist)|aai]]en leit dy't dêrnei [[briedtiid|útbret]] wurde moatte. It kin wêze dat dat aktyf troch de âlden of troch ien âlder dien wurdt, mar it kin ek wêze dat de aaien begroeven wurde en troch de waarmte ûnder de [[grûn]] útbret wurde. By [[fûgels]] komt it jong, de [[pyk (fûgel)|pyk]], út it aai nei't dat útbret is troch ien fan 'e âlden of troch beide âlden om bar. Men sprekt fan [[nêstflechters]] foar piken dy't it [[nêst]] ferlitte sadree't se út it aai kommen binne, en fan [[nêstbliuwers]] foar piken dy't dêrnei noch langere tiid yn it nêst bliuwe en dêr troch de âlden fuorre wurde.
 
By [[fisken]], [[reptilen]], [[amfibyen]], [[lidpoatigen]] en guon oare bisten komme de jongen ek út it aai, mar meastal sûnder dat dy troch de âlden útbret binne. Soms fertoane de âlderdieren in oar soarte fan [[briedsoarch]], lykas [[krokkedillen]], dy't har aaien bedobje ûnder de grûn, mar dêrnei wol it nêstplak bewekje. Guon [[soarte]]n fisken nimme de aaien yn 'e [[bek]]; sokke bisten wurde [[mûlbrieder]]s neamd. Faak einiget de belutsenens fan 'e âlderdieren by harren jongen lykwols fuort nei't de aaien lein en eventueel begroeven binne. Beskate fisken en reptilen binne trouwens [[libbenbernjendheid|libbenbernjend]], wêrby't de jongen al yn it lichem fan 'e mem út it aai komme.