Wibe Sjoerds fan Grovestins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Wijbe Sjoerds van Grovestins''' wie in soan fan Sjoerd Sirtema (ek Van Grovestins neamd). Syn bynamme '''Skerne Wibe''' hat er neffens oerlevering te tankjen oan it feit dat er him ske...
 
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:skernewibe.jpg|thumb|300px|leftt|Skerne Wibe ferarbeide yn it opskrift op de t-shirten fan frijwilligers fan it Ingelumer doarpshûs]]'''Wijbe Sjoerds van Grovestins''' wie in soan fan Sjoerd Sirtema (ek Van Grovestins neamd). Syn bynamme '''Skerne Wibe''' hat er neffens oerlevering te tankjen oan it feit dat er him skeare liet om himsels kamûflearje te kinnen. Sa rûn er wol as muonts ferklaaid om efter de geheimen fan syn fijannen te kommen. Skerne Wibe libbe yn de fyftjende ieu en wurdt rekkene ta it kamp fan de [[fetkeapers]] mar oft er dêr no sa botte prinsipieel yn wie wurdt betwivele. Oft it him sa út kaam koe er ek samar de kant fan de [[skieringers]] kieze. Yn [[1482]] hie Skerne Wibe de skieringers sa tsjin him yn it harnas jage dat in leger fan boargers en boeren út de Frjentsjerter kontreien en Ljouwerters syn stins (de Groustins) belegerje. Steande foar in blyn fynster sneuvele Skerne Wibe en waard de stins sljochte. De Groustins is nei 1482 wer opboud en noch goed twa ieuwen ha der Sirtema's op wenne. Yn [[1757]] is de stins ôfbrutsen en kaam der in pleats foar yn 't plak.
 
It doarpshûs fan Ingelum (it wenplak fan Skerne Wibe) is nei him ferneamd. En sels de frijwilligers fan dat doarpshûs drage Skerne Wibe hjoed de dei op de klean.