Loaiïngea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Snits Loaiïngea.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Loaiïngea]]
[[Ofbyld:Klokkenstoel Loenga 07c.JPG|thumb|right|250px|Klokkestoel]]
'''Loaiïngea''' (offisjeel Nederlânsk: ''Loënga'') is in [[terpdoarp]] yn de gemeente [[Súdwest-Fryslân]], krekt noardeast fan de stêd. Oant 2011 lei Loaiïngea yn de eardere gemeente [[Snits (gemeente)|Snits]]. It is ien fan de doarpen fan de [[Snitser Fiifgea]]. Oant de gemeentlike weryndieling yn [[1984]] makke it diel út fan de gemeente [[Wymbritseradiel (1851-1984)|Wymbritseradiel]], krektas [[Ysbrechtum]] en [[Offenwier]]. It doarp hat likernôch 66 ynwenners (2005).
 
De [[himrik]] fan Loaiïngea rûn earder wol oan [[Goaiïngea]] en [[Skearnegoutum]] ta. It lei oer [[de Swette]] oant wêr't no de noardlike wiken fan Snits binne. Der wie doe ek in opfeart nei de [[Snitser Aldfeart]].