Skinkeskâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map - NL - Leeuwarden - Wijk 60 Bedrijventerrein West - Buurt 02 Zwette-Schenkenschans.svg|thumb|De buert Swette-Skinkeskâns yn [[Ljouwert (stêd)]].]]
'''Skinkeskâns''' is in buorskip oan de Harnzer Trekwei en [[De Swette]]. It leit diels ûnder [[Deinum]], diels ûnder [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Der siet in stienfabryk, in houtseagerij en oare yndustry. Letter is der in [[dwinger (jiskelân)|dwinger]] komd.
 
Njoggentjinde-iuwske kaarten jouwe de namme foar de bebouwing om it plak dêr't de Swette yn de farwei fan Ljouwert nei Ritsumasyl útkomt. De kaart fan 1700 jout hjir ''Schenkeschans''. De namme dûkt foar it earst op yn 1638 as Schenke Schans as in gongberder namme nei foaren komt as Swettehorne (wat oars net op itselde plak leit). It soe hjir om in ferneamingsnamme gean nei de festing Schenkenschans by de skieding fan Maas en Waal dy't yn 1636 troch [[Freark Hindrik]] op de Spanjerts werovere wie en dêrtroch bekend wurden wie. Van der Aa (1840) skriuwt lykwols dat de namme ûntliend is oan [[Georg Schenk fan Toutenburch]] († 1540), steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte, dy't foar dit plak oer it slot [[Toutenburch]] bewenne hawwe soe. Dat is lykwols in misferstân, want in hûs mei dy namme waard troch him yn [[1532]] yn [[Ryptsjerk]] boud.
Rigel 7:
* {{EvF|Schenkenschans}}
* {{Aut|Karel Gildemacher}} - ''Friese Plaatsnamen'' (2007) <small> ISBN 9789033006432 </small>
 
}}