Kompjûter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
betsjuttingsside fan makke
Tulp8 (oerlis | bydragen)
oerset fan de NL Wikipedia
 
Rigel 1:
[[File:Apple2.jpg|thumb|[[Apple II]], ien fan de earste [[persoanlike kompjûter]]s]]
{{Tfs}}
In '''kompjûter''' is in apparaat wêrmei’t gegevens neffens formele prosedures ([[algoritme]]n) ferwurke wurde kinne. Meastal wurdt mei it wurd kompjûter in elektroanysk, [[digitaal]] apparaat bedoeld, mar der besteane ek meganyske en [[analoge kompjûter]]s. Dêrneist kin in kompjûter yn ferskillende [[talstelsel]]s lykas it [[desimaal|desimale]] (tsientallige) of [[binêr]]e (twatallige) stelsel wurkje. De hjoeddeistige kompjûters wurkje altyd yn it [[Binêr|binêre stelsel]].
* [[persoanlike kompjûter]], kompjûter (meast oantsjut as 'pc' (of 'pk'), benammen foar thús- en kantoargebrûk
 
* [[kompjûter (rekkenreau)|kompjûter]], kompjûters yn bygelyks auto's, molkrobots ensfh.
De neamde prosedueres lizze fêst yn ien of mear programma's, [[software]] neamd, dy’t troch de brûker wiksele wurde kinne. Binne de programma's net ferwikselber, dan hat men it net oer in kompjûter mar oer in ‘controller’ of ‘prosessor’.
 
Oarspronklik waard it Ingelske wurd ''computer'' brûkt om ien oan te tsjutten dy’t komplisearre berekkenings útfierde, mei as sûnder meganyske helpmiddels – fergelykje ek de Dútske term foar kompjûter: ''Rechner'' (rekender) en de Afrikaanske en net-ynboargere Nederlânske term foar kompjûter: ''rekenaar''. Moderne kompjûters wurde foar folle mear brûkt as allinnich [[wiskunde|wiskundige]] tapassings. Ek in protte administrative en finansjele taken wurde oan de kompjûter opdrûgen, it Frânske wurd foar kompjûter wie earst ‘calculateur’ of rekkender en evoluearre nei 'ordinateur', letterlik eat dat oarderet en regelmaat oanbringt.
 
De wittenskip dy’t tagelyk mei de ûntwikkeling fan de kompjûter ûntstie, is de [[ynformatika]].
 
Kompjûters binne yn te dielen yn in oantal types. Sa binne der [[superkompjûter]]s, grutte kompjûters (of [[mainframe]]s), [[minykompjûter]]s, [[desktop]]s, [[laptop]]s en lytse mobile apparaten lykas [[smartphone]]s en [[Tabletkompjûter|tablet]]s. Nei tapassing is der ek de kategory [[spulkompjûter]]s.
 
Sûnt de grutte opkomst fan de kompjûter wurde se ek brûkt foar ynformaasjefoarsjenning ([[ynternet]]) en [[amusemint]]. By de moderne produksje wurde kompjûters ymplemintearre om masines mei te bestjoeren en om prosessen mei oan te stjoeren, bygelyks by de assemblaazje fan [[auto]]'s troch [[robot]]s. Meastentiids wurdt hjirfoar in ‘programmable logic controller’ brûkt.
 
Troch de fiergeande ferlytsing en en snelheidsfergrutting is it hieltiten faker mooglik om funksjonaliteit dy’t foahinne yn [[hardware]] oanbrocht waard softwaremjittich te ymplemintearjen. It grutte foardiel fan dy ûntwikkeling is dat efterôf funksjonaliteit teheakke wurde kin.
 
Yn 1980 yntrodusearre [[IBM]] syn [[persoanlike kompjûter]]: de [[IBM Personal Computer|IBM-PC]]. Dit yn neifolging fan eardere inisjativen, lykas de [[Altair 8800]], Tandy [[TRS-80]], [[Apple II-famylje|Apple II]] en Commodore PET-kompjûters en de thúskompjûters. De IBM-compatible pc waard úteinlik úteinlik de standerd (mei tsjintwurdich as ienige útsûndering de [[Apple Macintosh|Mac]]), neidat in soad fabrikanten de kompjûter goedkeap kloanden en sadwaande it ûntwerp standerisearren. Wyls spilet de pc yn it deistige libben fan in soad minsken in essinsjele rol.
[[Kategory:Kompjûter| ]]
[[Kategory:Kompjûterterm]]
[[Kategory:Kantoarrêding]]
[[Kategory:Lienwurd út it Ingelsk]]